- 15 - 1. Mei de nije oanliz fan de J.r*. de Visserwei moasten wy it P.E.B. ynskeakelje kinne, om de pleatsen yn it Leechlan en sa, fan foldwaende elektriciteit to forsjen, om_in moderne en effisiënte bidriuwsfiering mooglik to meitsjen. Wy ha de boel/dochs op'e kop lizzen. nou 2. It swimbad hat in greate prioriteit yn dizze Rie en ik hoopje ek, dat yn 1974 it earste skot foar de start fan de bou falie kin. 3De ombou fan de riolearing to Wergea en de hiele suvering to Grou is al in pear j.ier oer praet, mar as foarsitter fan de P.A.K.-fraksje soe ik freegje wolle, kin it nou ek hast oannakt wurde? 4. It fuortbringen fan üs smoargens nei in oar plak as de Timertsmar moat ek sa gau mooglik oanpakt wurde. It jild is der nou foar. Mar ik ha hjir en dêr alris pinfiske, hwat nou de bëste oplossing is. En dat is net sa maklik. Ik soe it dus wol op priis stelle, as de Rie langer as 10 dagen de tiid krige om hjiroer to tinken. 5. It soe my spite, dat it bidrach foar de skoallebigelieöing ek dit jier wer net brükt wurde koe. Hoe tinke B. en N. dit sa gau mooglik to regeljen? En hwannear kin der mei ütein set wurde? 6. Yn de bigreatingsfolder foar de bifolking is oan de Rie yn 1974 it plan fan in forsoargingshüs foar aide minsken tasein. It soe wol aerdich vreze, as de "aide Rie" dit noch to bihanneljen krige. En dat net allinnich om de aer- dichheit, menear de foarsitter, mar ek omdat it mei Friesmahiem sa bislist net langer kin. Büten alle goede en minder goede dingen, dy't ta stan kommen hinne, is cler noch wol hwat, dat my fan it hert moat. Wy ha düdlik probearre de bifolking mear by it bistjür fan de Gemeente to biheljen. Dat is foar in great diel slag- ge. Kontaktjcunen binne trochelkoar goed bisocht, yntern oerliz mei forskate forienings ha in goede wikselwurking brocht. En foaral ek de bisprekken mei de bistjüren fan pleatslik bilang yn de bütendoarpen ha mear ynhald krige. Mar yn Grou üntbrekt noch krekt san representative foriening. En dat hat wolris de oarsaek west, dat it krekt yn üs greatste doarp mei de kontakten soms hwat min der giet. Yn de sport is dat net sa botte hinderlik mei it bistean fan in eigen sportsintrum, mar dochs soe ik der bv de Grousters op oanstean wolle sa'n "spil op to bouwen.Allinnich al as moter foar in kultureel sintrum soe sa'n foriening in protte goed dwaen kinne. En der binne nou en yn de takomst noch wol folie mear dingen. Nou't ik dat soasiael-kulturele sintrum neamde, noch graech dit: It is üs bikend, dat der troch kommende foroarings yn Grou nochal hwat gebouwen frijkomme, dy't miskien wol foar sa'n sintrum brükt wurde kinne. Kin it kolleez- je dat net ris op in rychje sette en üs in soart fan nota takomme litte? Wy kinne dy dan as Riedsleden brüke foar kontakt mei de bifolking foar in goede vn- spraek De grounslach foar de ynspraek is in goede ynformaesje, menear de foarsit ter. Wy binne op de goede wei mei üs bigreatingsfolder en goedkeape abonnemin- ten op de Riedsstikken. Mar kinne wy noch net hwat mear dwaen? len kear yn de trije of fjouwer moanne in meidielingebledtsjekreas stinsele, hüs oan hüs rounbringe, soe hiel hwat dwaen kinne. En wy haw op' lest in saneamde foar- 1jochtingsamtner It mear is by it Rvk en de Provinsje noch net fol as it oer greatere bi- stjürsienliaden giet. It Ryk v/ol gewesten. Nou, foar Fryslan soe ik wol gebrük meitsje wolle fan myn maklik to foroverjen Gemeentebistjürsstakingsrjocht om dat to kearen. En üs Gemeente hoecht om my net greater. Mar dat wisten jo al, menear de foarsitter. Myn stanpunt is: oantoane, dat it nedich is en dan tage- lyk de taken fan de forskillende bistjürslagen op nij fordiele, sadat de "ster ke" Gemeenten ek echt mear to sizzen - ik bidoel foaral jild - krije. En oars: Niet dan over mijn lijk. Mar ja, dat lyk leit hjir fansels yn septimber op'e tafel, en dan kin ik ek net mear stake. In fraech noch: Hoe stiet it mei üs ei gen ündersyk mei de Gemeenten yn Eastlik Fryslan? Menear de foarsitter, üt dit forhael ha jo wol bigrepen, dat it billed fan jim kolleezje myn vnstimming v/ol hat. Ek al fine jin üs fraksje miskien wolris hwat kritysk en miskien soms dwers. De léste jierren binne de nije projekten, dy't vn de bigreating opnommen binne, faek foar it greatste part yn de earste helte fan it jier al ütfierd. - 16 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1973 | | pagina 35