- 2 -
In twadde punt, dat ik nei foaren bringe wol hat deselde aspekten. Draisma en
Van Belle ha op 'e iepen fraksjegearkomste fan forline freed bigryp frege foar
har prinsipes. Dat bigryp moat der fansels wêze. Wy freegje itselde, hwaftt wy
riddenearje ek prinsipiëel. prinsipe
Mar yn dit gefal kin mar/ien it winne. As dat ienriedich üs prinsipe is, bliuwt
koartsein it linkse blok in gehiel en geane wy like sterk de kommende 4 jier yn,
as de kiezers üs delset ha. De gefolgen fan it yn praktyk bringen fan it prinsipe
fan de minderheit binne oars.
1. Us ynfloed yn it kolleezje fan B. en W. en dus op it Gemeentebilied wurdt lyt™
ser. En dat is net yn oerienstimming mei de forkiezingsütslach.
2. Wy forlieze ien fan de dielnimmers oan it akkoart: dè P.S.P.
3. De P.P.R. fait ütelkoar.
4. Der üntstiet binnen de fraksje in net op tö lossen bitrouwenskrisis. Oer alle
boegen dus in forswakking, nenear de foarsitter. My tinkt, dit binne konse-
kwinsjes, der 't de lytse minderheit dochs swier öan tiïle moat. It alderslim-
ste is, as efteróf bliken docht-, dat it forkearde bislüt fallen is. As dat üs
bislüt is: twa wethalders üt eigen formidden, is dat bislüt efteróf wer goed
to meitsjen. Wy moatte ommers forantwurding öflizze oan üs efterban. As dy üt-
sprekt, dat wy forkeard dien ha, binne wy, neffens ynterne regels yn alle ge-
fallen moreel forplichte de konsekwinsjes to lüken. Dat sil dan ynhülde: fla
ter goedmeitsje en efteróf noch in wethaldersplak. ynromje foar de oarè kant.
Wy ha dat dan yn eigen han.
Dyselde korreksje is net mooglik, menear de foarsitter, as ütfierd wurdt,
hwat Draisma en Van Belle miene dwaen to moatten. Harren bilied kin dan öfkard
wurde. Seis as se de uterste konsekinsje nimme soene en opstappe as Riedslid, kin
it nommen bislüt net mear forbettere wurde. De V.V.D. er, of hwa oars ëk, dy't
yn it kollezje stimd is, hat oan dat ynterne bislüt gjin boadskip. Hy bliuwt sit-
ten.
Menear de foarsitter, yn allerhande rounten, der *t wv dizze saek as fraksje
bipraet ha, is gjin inkelde mearderheit foar it stanpunt fan de beide hearen to
finen. De kans is dus great, dat harren bilied öfkard wurdt.
Ik woe dêrom nochris herheije, hwat der op de iepen fraksjegearkomste fan ün-
derskate kanten dien is: Bisin hjim nochris goed."
De heer Meester"Menear de foarsitter,
Sa as de fraksjefoarsitter al steld hat, hawwe twa -leden yn üs fraksje oare idéen
omtrint de foarming fan in kolleezje fan wethülders. It likët der nammentlik op,
dat de p.p.r.bij namme fan Piet van Belle, en de mei foarkarstimmen yn de rie
brochte p.v.d.a.-er Jaep Draisma de foar de forkiezings makke ófspraeken net nei-
komme sille en de kandidatuur fan Vledder net stypje sille. Dêrmei sil dan it
foarmjen fan in lofts programkolleezje yn 'e bulten jage wurde.
De p.p.r. hat yn harren eigen Konsept-program düdlik steld hwat foar harren
in programkolleezje bitsjutte: 'Ten aanzien van de collegevorming geldt dan; voi
ming van een programcollege op grond van een programvergelijking op afspraken voor
de gèmeenteraedsverkiezingen". Jimme hearre it goed; foar de forkiezings en net
dêrneiAs de p.p.r. nou nei de forkiezings mei de rjochtse partijen ünderhannelt
en in rjochtse wethaldgrskandidaet stypet, forriedt sij net allinne it mienskiplik
program fan de p.v.d..a»-p«s.p.--p.p.r. mar ek harren eigen Könsept-program. It li-
ket mij sa ta, dat dizze hannelwize sawol binnen de p.p.r.-Idaerderadiel as ek yn
hegere orgaenen fan dizze partij muoilik to akseptearjen fait. Ek Jaep Draisma
hat it mienskiplik program ünderskreaun eri kin him nou wol biroppe op in oare
forklearring fan it wurd programkolleezje, mar dizze argumentaesje is troch Vled
der op de earste iepenbiere fraksjegearkomste fan de p.v.d.a.-p.s.p.-p.p.r. düd
lik werlein.
Yn elts gefal is it .foar de p.s.p. in brékpunt as it lofts programkolleezje
net üntstiet. En dan sil ik ek üt dizze fraksje stappe.
Ommers gearwurking fan linkse-krêften is foar üs wichtich, hwant ien finger kin
brekke, mar fiif fingers meitsje in fust. Mei dizze füst stribje wij it pacifis-
tysk-soacialisme nei en yn dit stribjen past gjin gean-mrking mei de lakeien fan
it great-kapitaelde v.v.d.; en it C.d.a. gemeentebilangen
Ik wol nou yn it foarste plak fan de p.p.r., dat wol sizze de hear van Belle
en dan fan Jaep Draisma in stimforklearring hawweAs dizze forklearringen foar
mij net.akseptabel binne, dan wol ik graech fan dizze fraksje witte, hokker
konklüsjesas sij hjirüt lüke en yn hoefier sij solidair mei mij wëze sille.
Ik tankje jo.
- 3 -
f r "i p j