- 10 - r.2ei nochris to sizzen, dat it üs spyt, dat dë P.S.P. Kiende apart gean to moatten - wy hiene altyd in goed en fruchtber öparbeidzjen mei Jan Meester - wol ik dit diel ófslute en oergean nei de bigreating 1075. Menear de foarsitter, wy mei je konstateare, dat de finansiële posysje fan üs Gemeente goed is, al binne der iegative ynfloeden. Ik neam de gasprizen, it omheech gean fan leanen en materiaelprisenIt bidrach op net forsjoene üt~ jeften liket moai, mar it is hiel ienfêldich om in bidradh, dat in oantal kearen sa great is to bisteegjen oan allerhande nedige en nuttige saken yn üs Gemeente. Hei de biskriuwingsbrief en de ynformaesje yn de ófdielingsgearkomsten geane wy akkoart mei it stanpunt fan E. en W., dat wy noch net sunder de ütkearing as artikel 12 Gemeente kinne. I ar oer it fierder to fieren bilied soene wy graech yntiiüs ynljochte wurde en raeiprate wolle. Ien fan de greatste problemen fan 1S75, menear de foarsitter is it bi- striden fan de wurkleazens. Dêr ha of krije wy as Gemeente ek mei to meitsjen. Wy sille soargje moatte foar genóch plannen, dy't klearlizze mei dêrby üs ta- sizzing, dat se ütfierd wurde kinne, sagau't de oerheitsjilden biskikber komme. Dit hat foar üs in hege prioriteit. Mar as Gemeente sit der ek in stik eigenbi- lang by: subsydzjes binne noch altyd foardielich. Om dizze redenen ha wy der ek gjin biswier tsjin yn it bigjin fan takommende jier nochris to praten oer it bisteegjen fan de 72 mille, as it mar réserveard wurdt foar bygelyks sv/imbad, gebou gemeentewurken, klaeigelegenheid sportfjild Grou, forbetterjen fan de Ayttav/eidyk Grou-JirnsumDizze wurken lilear neitsje foar de A.C.W. subsydzje, foar safier't se dêr noch net lizze. Har ek plannen meitsje foar in sporthal en foar in tal lytsere objekten, sünder dat dat nou daliks om subsydzje freget. In tal jierren lyn is troch üs in plan kontakt-bifolking makke. Under oaren is dêr c'.e saneamde minibigreating ütkommen, dy't elk jier ünder de bifol- king komt. Mar dit jier wie er foar in goed oerliz foar de ófdielingsgearkom sten to let. Graech de folgjende kear hwat earder. Der is yn in ynformeel pe- tear by ien fan de ófclielings it biswier fan to folie papieren ynformaesje nei foaren kommen. Soe in geregelder mounlinge ynformaesje fan de Riedsleden dêr ek in oplossing foar bringe kinne? Menear de foarsitter, yn de rin fan 1974 is yn dizze seal mei algeniene stimmen in bislüt noramen oangeande it stiftsjen fan in oerdekt swimbadDer binne seis bistjürsleden bineamd. It docht op syn minst sein hwat nuver oan, it kolleezje nou praten to hearren oer in iepenloftbad en seis in oar plak. Mn as wy it goed ha, witte de bistjürsleden fan in mooglike koersforoaring noch neat. Graech gau en düdlik iepenheit oer dizze frjemde gong fan saken. Fierders wiis ik der op, dat wy noch hieltyd steane op it sa gau mooglik ütfieren fan dat Riedsbislüt Om noch even op dy minibigreatihg werom tb kommen: Hwerom wurdt dêron nést it bijierretohüs tö Grou sa mei neidruk it bistimmingsplan Graalda nei foaren skoud? It jowt de yndruk, dat it ütwreidzjen fan Grou it foarnaemste doel is, wylst dizze Rie al in tal jierren mient, dat Roardahuzum en V/arten- foargean moatte by Grou en Wergea. Dat dizze polityk sükses hat, blykt wol üt it tanimmen fan it ynwennertal fan Roardahuzum mei in 100 yn ien jier. Nou dus foar Wartena oan 'e slach en as de partikuliere bou net goed slagget, dan mear troch de wenningbouforlening fan de groun bisykje to brijen. lïenear de foarsitter, der sille yn it kommende jier noch hiel hwat bi- langrike saken, dy't ik net neamrï ha, üs omtinken freegje. Ik tink dêrby oan de forbining mei de Eurd, it forsjen fan dat gebiet fan gas, it ynfieren fan de bi- lesting op festichheden, de wettersuvering en it ombouwen fan de rioelearing to Grou en/of Wergea, de sportforsjenningsIt fjild fan Warten is hopeleas menear de foarsitter. Hopelik wurdt der bigoun mei it bijaerdetohüs yn Grou en giet it fierder opknappen fan de J.W. de Visserwei troch yn in tempo, dêr 't yn wurke wurdt, nou 't de oannimraers ien kear los binne. Ik wit, dat ik nou noch in tal saken net neamü ha. Ik wol dizze algemiene skögings bislute menear de foarsitter mei in wurd fan tank oan alle wurknimmers fan de Gemeente foar it folie wurk, dat se ek yn 1974 foar üs dien ha. En mei in persoanlik wurd oan jo, menear de foarsitter. Wy binne bliid, dat jo dizze gearkomste wer liede an wy hoopje, dat jo it nije jier wer yn sounens alles dwaen kinne, hwat jo yn it bilang fan üs Gemeente achtsje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1974 | | pagina 14