11 En nou't ik dochs oan it winskjen bin, sprek ik de hoop üt, dat 1975 in goed jier foar üs Gemeente en syn ynwenners wêze mei. Tankewol, menear de foarsitter. De heer Heester spreekt als volgt: Mynhear de foarsitter, Foardat ik yn dizze algeniene biskógings oergean ta it trochljochtsjen fan de bigreating foar l£7'ó wol ik graech by inkelde saeken stil stean. Yn it foarste plak is dat de safolste krisis yn it westerske kapitalisme en de tobek- slach, dy't dêrtroch ek de ekonomy yn üs lan trochstiet. Ommers, de tanimmende wurkeleazens, de wurktiidforkoartingen en do leanbiknibbeling hélde net by üs gemeentegrinsen stop. It meast düdlike foarbyld dêrfan is wol it dien jaen fan de Turkse arbeiders by Ealbertsma. Dizze üntjowing bitsjut, dat sosialisten nou meiinoar yn wurd en died solidair wêze moatte mei de arbeidersklasse, dy't hwer de hurdste klappen ünder- fine moat. Dat wol sizze yn gearwurking mei fakbounen striid foar mear wurkge- legenheit, hegere fortsjinsten, hegere wurkeleazensütjeften as ek fjochtsje tsjin massaüntslachen, priisforhegingen ensafHopelik sil dat ek yn dizze ge meente wurklikheit wurde. Oan it kolleezje wol ik jitris mei klam forsykje om hjiroangeande de rie goed op 'e hichte to halden. Mei de forkiezings fan Maeije yn it foarütsicht wie it wol to forwacht- sjen dat 1974 foar it barren yn de rie tige wichtig wurde soe. Mar net ien sil forwachte hawwe, dat de Ljouwerter Krante seis sprekke aoe fan ':krütdamp boppe it polityk slagfjild yn Idaerderadiel" De omstriden subsydzje oan it berneboartersplak "Hummeltsjehonk" en de bineaming fan in nije direkteur oan de M.A.V.O. yn Grou droegen de munysje oan, dy't by de forkiezing fan it nije kolleezje fan wethêlders ta in exploasje lie- de. It gefolch wie in spliksplinternij kolleezje en in forsplintere loftse fraksje. Hwat dit oangiet, dêroar. wol ik net folie wurden mear smoarch meitsje. Ik bin net lokltich mei de gearstalling fan it kolleezje, dat sil düdlik wêze, en ek net mei it onerearjen as ienmansfrEksje, dat dêrfan in konsekwint gefolch west hat. Ik leau.dat myn ynlieding dêrfoar düdlik genêch west hat. Ik sil dit kolleezje kritysk bigeliede en sa nedich ek bistriede. Hopelik bitr.jut de kleurforoaring fan it bigreatingsfolderke fan read nei grien net, dat it sosia- listysk elemint yn it kolleezje alhiel fordwoun is. Ik moat sizze dat ik hjiroangeande dochs pessimistysk wêze moat., Ommers as ik yn de biskriuwingsbrief léze moat, dat hegere opbringsten fan eigen bi- lêstingen as günstich bioaercliele wurde, dan stuitet my dat as sosialist tige tsjin it boarst. Ommers just dizze bilêstingen drukke it swierst op de skouders fan de arbeiders. De Ófwikkelingfan it taryf fan de reinigingsrjochten hat by my alhielendal in minne smaek neilitten. Yn elts gefal is dêrby wol düdlik wur den hoe't de polityke forhêldingen yn dizze rie lizze en hwa't krekt foar de minsken mei de leechste ynkommens op komme wol. Ik sil hoopje dat dat weris de mearderheit wêze sil. Hwat dit oangiet hat de F.H.P. ek wer düdlik biwezen wol oh sa'n progressyf ioarkomnen to hawwen, mar oangeande wichtige saeken dochs feitlik bihaidend to wêzen. Ik kin it net litte en ek it regear hjiroangeande ris swier to bikriti- searjen. Fan de ynflaesjebistriding komt mar min hwat tolanne, men soe hoopje fan it loftse elemint yn dit regear, dat sy ris hwat minder bfigden foar it con fessionele part en harren eigen program biklammen. Oan wethalder Draisma de fraech troch hwat foar program hy him nou feitlik fortsjinwurdige fielt. Saeklik bisjoen moat dochs sein wurde.dat der it êfroune jier yn de ge meente net al to folie bard is. Fan tolve punten binne der jouwer lizzen bleaun. Tige wichtig is dochs v;ol it wurk oan de J.W. de Visserwei, dat foar üs op in guodkeape manier oanpakt is. Hopelik sille yn 1975 of 1976 ek de sydstik- Iten in beurt krije kinne. Ek blied binne v/y mei it oprjochtsjen fan de stifting foar it swimbad yn Grou en de foarkar dy't de bou fan dit swirabad boppe oare projekten krigen hat. Dochs hat wethêlder Draisma to witten dien, dat de plan nen foar it swinbad nou wer op'e nij bisjoen wurde sille. Hopelik sil dertasei- ne nota hjiroer gau forskine. In fraech foar my is lykwols dochs hwat wol D. en V/. foarop stelle. It swimmen learen fan de bern as it genot fan de rekreant. ïïy sille op in festiging op it reJreaesjeoard swier tsjin wêze. Moat de rentabili teit dochs heger, meitsje dan nar in 50 n iepen bad mei boartersgrien. Ommers ek dan sille simmers de rekreanten wol komme., -• 12 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1974 | | pagina 15