9. Foarstel om in parkearforbod to Wergea yn to stellen. Oan de gemeenterie. GEMEENTE IDAARDERADEEL GROUW Nu.1337 Grou, 29 april 1975. Yn'e riedsgearkomste fan 14 augustus 1973 staekten de stimmen oer in foarstel om foar in part fan'e noardside fan'e Nieuwe Leeuwarderweg en de Kerkbuurt to Wergea in parkearforbod yn to stellen. Yn'e gearkomste fan 11 septimber dêrnei hat de rie bisletten it foar stel fan us kolleezje oan to halden oant in forfangjende oplossing foun wur- de soe. Dit alternatyf hawwe wy nou foun troch in parkearromte efter de nije Rabo-bank oan de Kerkbuurt to meitsjen. Op dit terrein is romte foar 19 autos Sa't jim witte, wurde krekt op beide saneamde strjitgedielten faek autos parkearre, bynammen foar de herberch fan de hear Homans, hwertroch op dat plak foaral by it fuortriden in gefaerlike situaesje üntstiet. Wy miene, dat it üt in eachpunt fan forkearsfeiligens winsklik is, oan dizze situaesje - sa gau mooglik in ein to mei'tsjen, troch ek foar dizze eintsjes strjitte it parkearjen mei autos to forbieden. Yn it bilang fan'e frijheit en feiligens fan it forkear stelle wy jim sadwaende üt, in parkearforbod yn to stellen: 1. foar de noardside fan'e Nieuwe Leeuwarderweg, foar safier it it gedielte fan óf de brêge oer'e Wergeasterfeart centde earste splitsing mei de Leeu warderweg oangiet; 2. foar de noardside fan'e Kerkbuurt fan óf de under 1 neamde brêgeont it punt, metten op in öfstan fan 45 meter yn westlike rjochting fanüt it hert fan'e Fricoweg, ien en oar sa as op'e foar jim to bisjen leine teke ning yn blau oanjown is. It üntwerp-bislüt dêrta leit by de riedsstikken foar jim om yn to sjen. Boargemaster en wethouders fan'e gemeente Idaerderadiel K.J. Vrijling, boargemaster. 5E3E DSmits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1975 | | pagina 41