9Foarstel om in wachthokje to pleatsen oan De Boeijer to Grou. 3E2E 55 GEMEENTE iDAARDERADEEL GROUW Oan de gemeenterie. Nü1727 Grou, 6 juny 1975. In skoftsje lyn ha de biwenners op jierren fan De Viet en de gemeentlike "Bejaardencommissie" in forsyk yntsjinne om in wachthokje to pleatsen by de bushalte oan De Boeijer omt dêr alhiel gjin biskül is. De totale kosten fan it pleatsen en ynrjochtsjen fan sa'n hokje kinne steld wurde op roun 5.600,-. De Fram N.V. ynJt Fean is ré yn dizze kosten mei to partsjen troch in bydrage yniens fan 1.000,-. Dan bliuwt foar de gemeente in bidrach oer fan 4.600,- skjin. Ofskriuwe yn 10 jier mei in rintefoet fan 10Ji% bitsjut in kapitaellêst yn it earste jier fan 460,483,943, Omt yn de gemeentebigreating foar 1975 genoch dekking to finen is en it oanbringen fan in wachthokje, bynammen foar aldere minsken in ütkomst is, stelle wy jim foar, ta it pleatsen oer te gean en dêrta in bislüt to nimmen, hwerfan it üntwerp by de riedsstikken ynsjoen wurde kin. Boargemaster en wethalders fan Idaerderadiel, K.J. Vrijling boargemaster D. Smits sektaris

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1975 | | pagina 39