ESSE GEMEENTE SDAARDERADEEL GROUW Nü3735. 21. Biropskrift fan F. de Vries to Idaerd tsjin it forlienen fan in bouforgunning mei bitingsten. Oan de gemeenterie. Grou, 21 novimber 1975. By üs bislüt fan 29 septimber 1.1. hawwe wy oan F. de Vries, Buorren 1 to Idaerd, in forgunning forliend foar it forbouwen fan syn wenning, lykwols mei it bitingst, dat yn oerienstimming mei it advys fan de Provinsiale Fryske Skjintmekommisje, oan de foarkant fan de wenning twa kajuten makke wurde en ien kajut oan de efterkant neffens it yntsjinne plan. Tsjin dit bislüt hat de hear de Vries op 21 oktober 1.1. - dus binnen de foarskreaune termyn - by de rie biswieren ynbrocht, omdat de oanbrachte wiziging foar him net to fortarren is. De Kommisje foar Administratyf Birop hat op 13 novimber 1.1. de heer de Vries heard en hjiroer bygeand rapport ütbrocht. Sa't bliken docht, is de Kommisje yn mearderheit fan bitinken om it bislüt fan üs kolleezje to fornea igjen en de bouforgunning wol neffens it oarspronklik yntsjinne plan to forlienen. Nei oanlieding hjirfan merke wy op, dat appellant fan doel is, sawol oan de efter - as foarkant fan de wenning ien trochrinnende kajüt to meitsjen. T-Jy binne der mei akkoard gongen, dat de iene kajüt oan de efterkant, omt dy minder yn it each rint makke wurdt. Oangeande de foarkant bliuwe wy mei de Skjintme kommisje fan oardiel, dat üt esthétysk bitinken de tapassing fan twa kajuten needsaeklik is. Sadwaende stelle wy jim üt, üs bislüt to hanthavenjen en it biropskrift ünbigroune to forklearjen. Boargemaster en wethalders fan de gemeente Idaerderadiel K.J. Vrijling, boargemaster D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1975 | | pagina 82