9Foarstel om in lid en in forfanger oan to GEMEENTE IDAARDERADEEL wizen foar de gearkomste fan gemeenten, lyk- GROUW as oanjown yn kêst 14 fan de mienskiplike Nü 896 regeling oangeande de bifoardering fan it ünderwiisbigeliedingswurk yn Fryslên. Oan de gemeenterie. Grou, 2 april 1976. Yn jim gearkomste fan 11 novimber 1975 hawwe jim bisletten mei to dwaen oan de mienskiplike regeling oangeande de bifoardering fan it ünderwiis bigeliedingswurk yn Fryslan. Neffens kêst 14 fan neamde regeling is der in gearkomste fan gemeenten, W dêr 't ü.m. in bislüt nommen wurdt oer de hichte fan de bydrage, dy't de gemeenten bitelje moatte yn'e kosten fan it sintrum. Foar dizze gearkomste moatte de rieden fan de gemeenten, dy't by de mienskiplike regeling oansletten binne, elts in fortsjintwurdiger as lid en ien as forfangend lid oanwize, dy't foar in termyn fan 4 jier sit nimme en fuortdaliks wer bineamd wurde kinne. Wy stelle jim üt as lid de hear J.Draisma en as forfanger foar him de hear G. van Essen oan to wizen. Boargemaster en wethcilders fan de gemeente Idaerderadiel K.J. Vrij ling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1976 | | pagina 53