10. Diropskrift fan M. de Leeuw to Wergea, tsjin it wegerjen fan in forgunning foar it forbouwen fan in wente ta garaezje/ Oan de gemeenterie. Grou, 4 juny 1976. Dy us bislüt fan 1 april 1.1. hawwe wy oan de hear M. de Leeuw, Gele Eker 9 to Wergea in forgunning wegere om de wente, plaetselik oanmurken Gele Eker 40, to forbouwen ta garaezje/berging, op it perseel, kadastrael bikend gemeente "Warrega'!seksje A, nü. 2167. By dit bislüt is yn omtinken nommen: a. dat it yn't algemien to bitreurjen is, dat dykjes lykas de Gele Eker, dy't fakentiids diel ütmeitsje fan de historyske kearnen, yn't oansjen efter ütgean troch it yn gebrüknimmen fan bisteande wenten as garaezje; b. dat fan de bisteande foargevel mei wulfsein en kajüt de forhaldings goed binne en karakteristyk en dat it biwarjen dêrfan de muoite wurch is c. dat it oansjen fan'e wenning nei't forbouwen sadanich wurdt, dat it sawol op himsels, as yn forban mei de omkriten, net foldocht oan ridlike easken fan wolstan; d. dat it forbean is, net yn in bistimmingsplan bigrepen boawurken en harren bihearen, to brüken yn striid mei de bistimming, dy't sy neffens harren konstruksje as ynrjochting hawwe; e. dat de forgunning, dêr't om frege is, wegere wurde moat, omdat it yn striid is mei't bipaelde yn'e kêsten 310(easken fan wolstan) en 352, 2e lid (net oerienkomstich syn bistimming brüke) fan'e bou-oardering fan dizze gemeente. Op 10 april 1.1. - dus binnen de foarskreaune termyn - hat de hear de Leeuw biswier makke by de rie tsjin üs bislissing. Appellant fiert oan, dat er it biwuste pan graech forbouwe woe om de auto en de fytsen der yn to setten, dy't nou yn syn wente yn'e gong stean. Fierders koe er it him net bigripe, dat him de forgunning wegere wie, omdat inkelde pannen dêrneist wol mei tastimming ta garaezjes forboud wienen. De kommisje foar administratyf birop hat op 19 maeije 1.1. de hear de Leeuw heard en it rapport dat hjirby giet, ütbrocht, dêrt't yn utwiisd wurdt dat üs kolleezje mei rjocht en reden de forgunning wegere hat en dêr't yn nei foaren brocht wurdt, om it biropskrift ünbigroune to forklearjen en om it bislüt fan it kolleezje to hanthavenjen. Wy stelle jimme üt, hjir neffens to hanneljen en dêrta to nimmen in bislüt, dêr't it konsept fan by de rieösstikken leit om yn to sjen. Boargemaster en wethSlders fan'e gemeente Idaerderadiel GEMEENTE IDAARDERADEEL GROUW Nü. 1744. K.J. Vrij ling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1976 | | pagina 45