GEMEENTE IDAARDERADEEL
GROUW
Nu. 2849.
7. Foarstel om in tarissingsbislüt as bidoeld
yn kêst 21 fan'e "Wet op de Ruimtelijke
Ordening" fêst to stellen.
Oan de gemeenterie.
Grou, 10 septimber 1976.
De hear R. Stienstra, Narderbuorren 1 to Wergea hat üs kolleezje
frege, him forgunning to jaen foar it bouwen fan in féstal by syn pleats.
It hjirfoar yntsjinne bouplan is yn striid mei it bistimmingsplan sa't dat
dêr jildt.
Om dizze bou wol trochgean litte to kinnen moat foar dit part it
earderneamde bistimmingsplan foroare wurde. Wy binne fan bitinken, dat
oan de plannen fan Stienstra meiwurking forliend wurde moat. It foroarjen
fan it bistimmingsplan nimt nochal hwat tiid. It bouplan kin lykwols
ütfierd wurde mei tapassing fan .it bipaelde yn kêst 19 fan'e "Wet op de
Ruimtelijke Ordening" en 50,8e lid fan'e "Woningwet". Tapassing fan dizze
kêsten, kin allinnich,-as troch jim yn it foarste plak in tarissingsbislüt
nommen is as bidoeld yn kêst 21 fan'e"Wet op de Ruimtelijke Ordening".
Nei't dit bislüt der leit om yn to sjen, kin de frege forgunning
forliend'wurde asdeputearre steaten yn't foar forklearre ha dêrtsjin gjin
biswier to hawwen.
Op groun fan it boppesteande, stelle wy jim foar to forklearjen, dat
it foar in part foroarjen fan it "Bestemmingsplan in Hoofdzaak" tarist
wurdt en dêrom it bislüt to nimmen, lykas dat yn üntwerp, foar jim by de
riedsstikken leit om yn to sjen.
Boargemaster en wethalders
fan'e gemeente Idaerderadiel,
K.J. Vrij ling, boargemaster.
D. Smits siktaris.