353E GEMEENTE 1DAARDERADEEL GROUW Nü. 3323 Foarstel om in ekstra kredyt foar it oan- keapjen fan learmiddels biskikber to stellen foar de Dr. Eeltsje Halbertsma- skoalle to Grou- Oan de gemeenterie. Grou, 5 novimber 1976. De haedliedster fan de Dr. Eeltsje Halbertsmaskoalle hat frege om in ekstra kredyt biskikber to stellen fan üngefear f. 2.700,foar it oan- tugen fan in saneamde kliuwruter foar it boarterslokael. Yn neamde skoalle is stielen kliuw-en klaumateriael oanwêzich. Hoewol't dit materiael sawol binnen as büten brükt wurdt, is it net mooglik, it yn kombinaesje mei de oare banken to brüken, itjinge as in earnstich gemis field wurdt. Troch it oantugen fan in kliuwruter, dy't oan'e muorre bifêstige wurdt, kinne ek de banken brükt wurde. Dy kinne nammentlik oan de kliuw ruter bifêstige wurde, of der ünder pleatst wurde. It nou oanwêzige kliuw- en klaumateriael kin brükt wurde as bliuwende oanfolling op it bütenmateriael De ynspektrise fan it beukeründerwiis stiet posityf tsjinoer dizze oanfrageOm't de mooglikheden om to boartsjen troch it pleatsen fan in kliuwruter folie greater wurde, stelle wy jim üt oan de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle in ekstra kredyt biskikber to stellen fan f. 2.700, It dêrta to nimmen bislüt leit yn konsept by de stikken foar jim om yn to sjen. Boargemaster en wethalders fan de gemeente Idaerderadiel, IC. J. Vrij ling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1976 | | pagina 44