ALGEMENE BESCHOUWINGEN 22.- Behandeling van de begrotingen 1977. De heer Schermer: "Menear de foarsitter, Wy steane wer foar in nij bigreatingsjiermar foardat ik dêr hwat oer siz, wol ik dochs efkes weromsjen op it jier, dat nou hast foarby is. Op hwat dêryn dien is, mar ek hwat net ütfierd is. By de foarige algemiene skögings is troch my ünder oaren sein, dat der yn de bigreating foar 1976 net folie opfallende dingen sieten. As wy nou weromsjogge moatte wy sizze, dat it hjir oer in pear punten yn de Rie fül om en ta gien is. Ik tink derby oan it plan om it plak foar in forsoargingshüs foar aldere minsken to foroarjen. Wy miene noch, dat hjir to greate risiko's nommen binne, Wy hawwe doe warsköge dat in wiziging fan in bestimmingsplan via art. 19 in gefaerlike ündernimming wie, en dat art. 19 foar dit soarte fan saken net is bidoeld. Kin it Kolleezje uswg^ ynformearje hoe it stiet my de kans fan slagjen fan dit hüs? Fier- ders wolle wy sizze dat it nije üntwerp op harren seis üs wol oansprekt. In oar gefal wie de kwesje sporthal/swimbad. Nou't der fan de kant fan de ynwenners nije inisiativen üntwikkele wurde, sille wy mei de ünderskate kommisjes fan sport- stiftings en swimbadtarieders bisykje moatte beide foar üs Gemeente sa bilangrike projekten ta stén to bringen. Dat wy der finansieel sa goed foarsteane, menear de foarsitter, hat in tal positive mar ek negative oarsaken. Posityf soe ik de hegere ütkearings fan it Ryk en de winst fan it gasbidriuw neame wolle. Negatyf is, dat wy jild foar needsaeklike wurken net ütjaen koene Se koene net ütfierd wurde, omt de nedige subsydzjes net loskamen. It is dan wol aerdich, dat men oan it ein fan it jier noch in moai bidrach bisteegje kin foar in pear projekten, mar as ik bygelyks sjoch, hoe't de sydtakken fan de J.W. de Visserwei der hinne lizze, dan is it folie minder moai. Ik freegje my of, hoelang wy de forantwurding noch drage kinne foar it brüken fan dizze wegen, foaral troch de jonge minsken, dy't op'e fyts of brommer nei skoalle geane. De needsaek, dat wy dizze wegen foar it for- kear slute moatte, komt neffens my hieltyd tichter by. In oar foarbyld. Der is yn Idaerderadiel noch altyd gjin kans op in rioelsuvering, omdat it subsydzje foar it ombouwen fan de riolearing net komt. Ik hie leaver hawn, dat de dêrfoar bigreate bidragen, ütjown wiene menear de foarsitter, de biskriu- wingsbrief foar it kommende jier jowt oan, hwer't it hegere ynkommen fan de Gemeente weikomme moat. It ynfieren fan de nije bilesting op ünreplik goed en in greater winst üt it gasbidriuw jowe de Gemeente wer de nediche earmslachMar der steane nou ek wer tal fan wurken op de bigreating, dêr't ik oan twivelje oft se yn 1977 ütfierd wurde sille. Wy binne sa gelokkich, dat der yn üs Gemeente net folie wurkleazens is, mar wy krije hieltyd wer it idé, dat wy dêr al jierren lang foar straft wurde. Gjin ek- stra ütkearings foar wurken, dy't hjir faeks folie nediger binne, as yn oare Gemeenten. Dat is in net to fortarren saek, menear de foarsitter. Jo kinne noch- al goed prate, miskien kinne jo dizze ünrjochtfeardige sitewaesje nochris wer oansnije by minsken en ynstansjes, dy't dêr hwat oan foroarje kinne. Wy kinne wol wachtsje oant wy in üns weage, menear de foarsitter, as it Kolleezje fan Deputearre Steaten seit, dat der allinnich in rioelsüveringynstallaesje boud wurde kin, as 70% fan de rioelen der op oansletten wurde kinne en as tagelyk bliken docht, dat üs Gemeente it ombouwen fan dy rioelearing noait bitelje kin sünder de ACW-bydragen. En se witte by de Provinsje likegoed as wy, dat it der mei de kwaliteit fan it wetter om Grou hinne tige min foarstiet. Bistimmingsplannen: Menear de foarsitter, goed twa jier lyn hat de Rie, eins tsjin syn sin, in bouforgunning oan Professor Hoeksema goedkard, om sa it bistimmings- plan foar it bütengebiet Diel I net langer op to kearen. En nou skriuwe jim, dat

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1976 | | pagina 17