-14- De heer S. de Boer; "Foarsitter, achte riedsleden, De bigreating foar it kommende jier is ien fan in sadanige ynhéld, dat wy der eins fierders neat oan ta hoege to dwaen, wie it net dat yn de algemiene skögings ek oare punten üs omtinken ha en krije. It finansjele part, menear de foarsitter, kin as in by ütstek yn de his- toarje fan Idaerderadiel gunstige ütkomst oanmurken wurde. As it segje opgiet dat it faken oars komt, as dat wy tocht hiene, achtsje ik yn dizzen fan ta- passing can't wy forline jier as rie in swiere mütse deroer op hiene, as wij art. 12-gemeente öfwaerden. Fan de kant fan 't kolleezje ha wy in inkelde kear oanheard dat der per- soanielsbesetting op de öfdieling finansjes oarsaek wêze koe, dat dizze bigrea ting net op!e tiid klear wêze soe, ek dat is oars ütpakt. Derorn hwat oars as to dwaen gebrüklik oan't ein fan dit forhael yn't foarste plak oan it kolleezje en dexrmei al dyjingen dy't der oan meiwurke ha in wurd fan lof taswaeije, dit stik wurk skoan op tiid ré to hawwen. In wurd fan tank, oan allegearre dy't it gemeen- telik bidriuw draeiende halde, heakje ik hjiroan ta. It wie mei namme de belesting op it Qnreplik guod, dy't wol in stikje ün- wissens ynhold ta oansjen fan de gemeentelike ynkomsten. Skattingen yn't foar ha de planke net fier mis west en it taryf per f 3000,ekonomyske wearde bliek aerdich yn't hüs to sitten, De rafallers oer it totael, kompensaesje fan 't ryk, frijstelling agraryske oerflakte en de opsinten groun en personiele belesting, dy't oars oan't tyk to- goede kamen, bitsjutten yn dizzen in wichtige bijdrage. Dat hat ta risseltaet hawn, dat de gemeente har net bisündige hat oan yngripende bilestingforhegings. De forhege winst üt it gasbidriuw draegt ek noch in stientsje by oan de gunstige opset fan de bigreating. In winst dy't fuortkomt üt in iepenbiere nutsfor- sjenning, sjoch ik wol kritysk tsjinoan. In forgeiyk mei it nou rinnende jier lit düdlik sjen, dat in ommekear oangeande de eksploitaesje fan it gasbidriuw syn ynfloed cp it gemeentelik finansjeel biwald net to üntkommen fait. It gas- forbrük nimt net mear ta en it bidriuw freget mear ünderhüld ensfh. It leit noch fersk yn üs ünthclld dat de riedsgearkomsten fan de léste moannen tsjügen fan it diedwurklik hwat dwaen op it mêd fan de sport yn Idaerderadiel. In lokkige om- stannichheit dat oan 't ein fan 1976 en aenses bigjin 1977 dit doel yn konkrete plannen hwat stül kriget. Yn dit rychje fan greate kapitalen freegjende plannen kinne wy ek it forsoargingstohüs ünderbringe, dat mei it fêststellen fan it plak troch de rie hooplik ek in stapke neijerbij komt. Oan it foargeande kinne wy allinne dy konklüzje forbine, dat de rie syn part levere hat en dat Idaerderadiel, ek wol mear as ea tofoaren, öfhinklik is fan de jildlike stipe fan de hegere oerheden. Hwant, foarsitter, sa't dat opgiet foar de plannen dy't üs foar eagen steane, jild it ek foar al it oare dat lizzen bleaun is yn 1976 en like breanedich is. Koartlyn hat de rie in rynsk oerskot fan 1976 in bistimming jown as oanset ta de neamde sportforsjennings. In oerskot dat foarme is üt ünder oaren kapitaelslêstan fan net ütfierde wurken, binammen de rioelenbou en de forbettering sydtüken J.W. de Visserwei, Idaerd en Wergea, dit léste ha'k greate soarch oer dat it binnen in ridlik tiidsbistek syn bislach krije sil. De jildforsjennings yn it ramt fan wurkforromming as A.C.W. jowe op 't stuit gjin inkeld haldfést om op to bouwen. In spitige saek, hwertroch wy üs wol Öffreegje, as't dan net naeit wurdt sa't it knipt is, seis as gemeente hwat to ündernimmen hwat biandert oan ridlike easken fan it biriden fan bidoelde diken. De tanimmende tindens in greater oansiach op de eigen gemeente to dwaen leit yn it foargeande bisletten. Eat, hwat nammersto mear yn'e hên wurke wurdttroch ütlearingen fan it ryk, dy't lang net tarikkenü binne om de kosten to bistriden. Fansels is it sa dat it oars kaem to lizzen as dy hwat tichter by de realiteit sitte soenen. De biskriuwingsbrief jowt it düdlik oan. It dekkingspersintaezje, werkelike kosten by it ünderwiis neist de ryksforgoeding rinne wer mear ütelkoar en binne yn twa jier werom roun fan 39% nei 82!j%. Ek it ünderhald oer de quar taire diken kin net bistriden wurde üt de ütkearing fan de provinsje üt it dike- füns, hwat ek in greatere oansiach op üs eigen middels bitsjut. De üntjowing fan de Kulturele Stifting Idaerderadiel sil om dizze reden ek hwat biskiedener fan opset wêze moatte. ik slüt dus net üt op lange terrayn de romte dy't de gemeen telike belestmgs as noch litte to brüken.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1976 | | pagina 31