Stiet, yn forgelyk mei it bigjin hwat yn tsjinstelling, sa't ik it op langere termyn sjoch, foarsitter, hooplik is it sa, dat it oars komt, as ik nou tink, mar dan leafst yn positive sin. De sykte fan wethalder Benediktus hat meibracht dat de rie forsjoen hat de hear Terpstra as tiidlik wethalder op syn plak to bineamen. De tobekset fan no koartby is eanstich. Fanöf dit plak Benediktus en de neisten krêft en sterkte tawinske yn dizze muoilike tiid, dy't hja no trochmeitsje. In tongerslach üt de kleare loft wie de meidieling fan it weromlüken üt'e rie fan de hear Vledder. Neist de wurdearring oan syn adres as wethalder en as riedslid is it nou fan de oare kant wol sa, myn twifels to hawwen yn hoefier de op ien doel rjochte oppositionele rol fan Vledder nammers de hiele fraksje fan de P.v.d.A. biareaun is. Hawar, foarsitter, dit kaem ek allegear oars as dat we ea tocht hiene, miskien stiet üs yn 1977 wol "de grote verzoendag" to wachtsjen, weryn wethalder Draisma rehabiliteart wurdt., foar al datjinge hwef't er polityk sjoen troch bütanspul set is. De Nij-Djipskoalle is yn it öfroune jier yn gebrük nommen, it nije ünder- kommen fan "Hummeltsjehonk" en op dit mêd "Ukkepukkeplak" as boartersplak yn Wergea ha bydroegen oan it tal forsjennings hwat üs gemeente sa stadichoan bisit. De strjitnanmen en adressearing krigen ek har bislach en net to forjitten de Fryske plaknammebuordenwermei it bütegebiet oan alle easken en winsken biandert. Idaerderadiel jowt mei dit léste tsjüge de saek fan it Frysk yn'e omgong en oan'e wei uterje to wollen. Yn novimber 1974 hat de rie ek bisletten in stap to dwaen it Frysk yn üs riedsstikken yngong fine to litten. Der is doe bigoun de wurklist en in punt üt'e wurklist yn't Frysk op to nimmen. Yn'e mande mei de Fryske Akademy soe neigien wurde to kommen ta in forantwurde taelgebrük fan de rieds stikken yn it Frysk. Hoe stiet it dermei? In twadde stap soe neffens de F.N.P. dy wêze om yn elts gefal al datjinge hwat yn de rie yn't Frysk sein wurdt, yn de oantekens yn't Frysk wer to jaen. Yn it oankommende jier soe'k it kolleezje der op oanstean wolle in foarstel yn dizze trjochting to dwaen. Lang om let binne de bistimmingsplannen Roardhuzum en Wergea troch Deputearre Steaten goedkeard. In tasizzing wermei binammen Roardhuzum ütwreidzje kin sa as dat yn üs bilied past. Fan provinsjale side wurdt oantrune it bistimmingsplan bütegebiet stül to jaen. It is üs bikend, dat yn ynventarisaesje oer alles hwat dêr op en ta hSld plak foun hat. Ien en oar hat in bulte mei üs agraryske Ündernimmingen to meitsjen. Hwat stiet it kolleezje foar eagen, mei al datjinge dat der yn regele wurde sil, bilanghawwenden, sa as de kritekommisje fan üs stünorganisaesjesas de pleatselike bilangen, ek ynsprekke to litten? It soe fan bilang wêze dizze bifiningen yn it üteinlike riedsfoarstel to bilüken. De reaksjes nei oanlieding fan in ütstjüring foar de Rono oer de Burd hienen der hwat fan as soe it gemeentebistjür dit probleem op syn biloop litte. It bislüt yn 1975 mocht de skyn dan ha, n.l. de tarieding om de bistimming oan de Nauwe Grêft to wizigjen,nearne mei to meitsjen hie, yn wëzen hold it wol deeglik yn hwat wissichheit to krijen fan de kant fan it Provinsjaal biwald. Yn dat andert is oanjown, dat öfsjoen wurde moat fan in fêste forbining mei it fêste lan, mar in swierdere pont ta de reëlere mooglikheden biheart in kans fan slagjen to hawwen. Ut it foargeande moat fansels net oflaed wurde, dat in gemeentebistjür har fierdere meiwurking oan dizze forsjenning ünthSlde sil. Oan ein kommen fan dizze sköging noch in inkeld wurd oer üs nije postkantoar. As bouwurk slüt it myn ynsjens treflik oan by de omjowing. Oerweagt it kolleezje ek de mooglikheit de suggestie fan de F.N.P.to bisjen it frijkommende gebou foar gemeentlik museum to ornearjen. Ta bislüt de winsk dat 1977 üs in bulte goeds bringt, mei de hope dat der net to folie oars komt, as dat wy der fan forwachtsje. Ik haw sein"

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1976 | | pagina 33