flO. Foarstel om de oardering op it heffen fan wenforinzenbilêsting to foroarjen. GEMEENTE IDAARDERADEEL 0an <*e gemeenterie. GROUW Nü. 3416. Grou 3 desimber 1976. Op 1 jannewaris 1968 is de oardering op it heffen fan in wenforinzen bilêsting bigongen to wurkjen. Yn us foarstel fan 23 augustus 1967 ha wy skreaun, dat it net ünriedlik achte wurdt, in bydrage fan de wenforinzen to freegjen, omt de eigners yn mannich opsicht gelyk steld wurde kinne mei de ynwenners fan üs gemeente. Hja profitearje net allinnich fan de rekreative forsjenningsnar ha teffens bilang by de algemiene gemeentlike forsjenningssa as bygelyks it oanlizzen en ünderhalden fan wegen,branwacht ensfh. Op 1 jannewaris 1968 waerd it taryf fan de bilêsting fêststeld op f.3, de m2 oerflakte fan de meubilearre wenning. Nettsjinsteande der doe ek al priisforhegings wienen, hat de rie dit taryf hanthavene ta 1 jannewaris 1974. Hjirnei is jierliks de tastiene forheging yn it taryf opnommen. Op 1 jannewaris 1976 is it taryf kommen op f. 5,de m2. Nou't forskate bi- lêstingen, dy't foar de ynwenners fan üs gemeente jilde, op 1 jannewaris o.s. mei jim ynstimming forhege wurde mei 7 persint, en der steld is, dat de wen forinzen yn mannich opsicht gelyk steld wurde kinne mei de ynwenners, achtsje wy it ek foar 1977 riedlik, it taryf fan de wenforinzen to forheegjen mei 7 persint en it to bringen op f. 5,35 de m^ oerflakte fan de meubilearre wenning Oer 1976 is bigreate oan oerflakte 13180 m2 mei in opbringst fan f. 69.500, 2 Foar 1977 mei rekkene wurde op in folsleine oerflakte fan 13500 m Tsjin it bisteande taryf fan f. 5,de m2 soe de opbringst oer 1977 bigreate wurde kinne op f. 67.500, tsjin it troch üs foarstelde forheegde taryf fan f. 5,35 de m2 kin de opbringst bigreate wurde op f. 72.225, In mearopbringst dus fan f. 6.325,neffens 1976. Wy stelle jim üt, boppeneamde taryfsforheging fêst to stellen en dêrta in bislüt to nimmen dêr't it konsept fan foar jim by de riedsstikken leit om yn to sjen. Boargemaster en wethalders fan de gemeente Idaerderadiel, K.J. Vrij ling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1976 | | pagina 77