Q, Foarstel om in perseeltsje groun to Roardahuzum to keapjen. GEMEENTE IDAARDERAOEEL GROUW Nü. 3988 Oan de gemeenterie Grou, 7 jannewaris 1977. Foar it forbetterjen fan it gedielte fan rykswei 352 Werpsterhoeke- hkkrom, is it nedich, dat it ryk it eigendom kriget oer in part fan it perseel, kadastrael bikend, gemeente Roardahuzum, seksje D, nü 179, great 100m^, foarmjende in gedielte fan de wei nei Friens, sa as op de tekening, dy't by de stikken leit om yn to sjen, oanjown is. Dizze groun is nedich foar it meitsjen fan twa oerstekplakken fan of it oan to lizzen fytspaed, oan de westkant fan de rykswei 352 (foar- hinne Oerysselsestrjitwei) It ryk forsiket nou dit perseeltsje groun oer to nimmen foar de symbolyske keappriis fan f 1, Om't hjir in algemien bilang tsjinne wurdt, stelle wy jim ut, neamd perseel oan it ryk oer to dragen foar de priis fan f 1,neffens it üntwerp-bislüt, dat by de riedsstikken foar jim leit om yn to sjen. Boargemaster en wethalders fan de gemeente Idaerderadiel K.J. Vrijling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1977 | | pagina 52