GEMEENTE IDAARDERADEEL GROUW Nü: 429 11. Foarstel om jildlieningen en bydragen to jaen oan de wenningbouforiening "Midden- Friesland" to Grou foar de bou fan 14 wenningwetwenningen to Grou. Oan de gemeenterie. Grou, 4 febrewaris 1977. De wenningbouforiening "Midden Friesland" to Grou, hat plannen yntsjinne foar de bou fan 14 wenningwetwenningen yn it bistimmingsplan "Graalda" to Grou. De hier fan de wenningen, dêr't de plannen fan by de riedstikken lizze om yn to sjen, is foarearst birekkene op roun f 425, De bouforiening forsiket, foar de bou fan de wenningen foarskotten to jaen ta in bidrach fan f 1.250.745,(roun f 89.500,de wenning) of sa- folle mear of minder as foar de bou wêzentlik nedich wêze sil. Foar de stiftingskosten kin de gemeente jild fan it ryk liene. Wy stelle jim üt: 1. de frege foarskotten to jaen,- 2. in bydrage yn it eksploiteesjetokoart to jaen gelyk oan it bidrach fan de ryksbydrage ,- 3. üt de kas fan it ryk oan to freegjen en oan to ninmen de bydragen as ünder 1 bidoeld, en dêrta in bislüt to nimmen, dêr't it konsept fan by de riedsstikken leit om yn to sjen. Boargemaster en wethalders fan de gemeente Idaerderadiel, K.J. Vrijling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1977 | | pagina 37