9. Foarstel om in parkearterrein to Readhuzum oan to lizzen. GEMEENTE iDAARDERADEEL GROUW Oan de gemeenterie. Nü. 711. Grou, 4 maert 1977. Yn jim gearkomste fan 13 desimber 1.1. ha jimlykag bikend, yn prinsipe bisluten in parkearterrein mei tagongswei bieasten fan de D.S. Bangmastrjitte to Readhuzum oan to lizzen. Wy ha yn forban dêrmei in plan meitsje litten, dat foar jim leit om yn to sjen. It projektearre terrein jowt romte foar it parkearjen fan 23 persoanenauto®s. Foar it bidrach, dat foar it oanlizzen nedich is, forwize wy jim nei de oer~ leine bigreating. By it öfskriuwen yn 15 jier en in rintefoet fan 9^% is de kapitaelslêst oer it earste jier f 9054. Foar dizze lést is yn de gemeentebigreating foar 1977 foldwaende dekking oanwêzich. Oangeande de oanbisteging, miene wy, dat mei it each op it bitreklik lytse bigryp fan de forsjenning, ünderhanske bisteging yn it bilang fan de gemeente is. Wy stelle jim dan ek üt: a. in parkearterrein to Readhuzum oan to lizzen neffens de oerleine tekening mei kostenbigreating b. it sub a bidoelde wurk ünderhansk oan to bisteegjen; c. us kolleezje to machtigjen it fierder ta de saek nedige to dwaen, en dêrta in bislüt to nimmen,der't it konsep€Rfoar jim by de riedsstikken leit om yn to sjen. Boargemaster en wethalders fan de gemeente Idaerderadiel K.J. Vrij ling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1977 | | pagina 41