2E3E GEMEENTE IDAARDERADEEL GROUW Nü. 1621. 14. Foarstel om twa perseeltsjes groun to Warten to forkeapjen. Oan de gemeenterie. Grou, 6 maeije 1977. Mefrou S. Valk - van Meerloo, Oosterburen 6, to Wartenforsiket om twa perseeltsjes groun, dy't oan de noardkant fan har eigendom lizze, fan de gemeente oan to keapjen. Beide stikjes groun, kadastrael bikend gemeente "Warrega", seksje B, nü's 2502 en 2688 (diels) binne al jierren by har yn gebrük en wurde fan de wei öfskieden troch in hage. Omdat de gemeente gjin inkeld bilang hat by neamde stikjes terrein, bistiet by ds tsjin it forkeapjen gjin biswier. In priis fan f. 3,75 de m eksklusyf B.T.W., dy't ek by de forkeap fan oerstallige grienstreken, dy't yn it bistimmingsplan fan Warten lizze, yn rekken brocht wurdt, achtsje wy oannimlik. Wy stelle jim dan ek üt, de perseeltsjes groun meiinoar great 86 m^, oan mefrou S. Valk - van Meerloo, boppeneamd, to forkeapjen, tsjin de priis fan f. 322,50, eksklusyf B.T.W. en fierders op bitingsten, formeld yn it konsept-bislüt, dat by de stikken foar jim leit om yn to sjen. Boargemaster en wethalders fan de gemeente Idaerderadiel, K.J. Vrijling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1977 | | pagina 85