GEMEENTE iOAARDERADEEL GROUW 9. Foarstel om it forgoedzjen fêst to stellen fan'e kosten fanwegen fak- ünderwiis foar de bisündere skoallen foar gewoan leger ünderwiis yn Wergea en Warten oer 1976. Nü. 3241. Oan 'e gemeenterie. Grou, 9 septimber 1977. It Roomsk Tsjerk- en Skoalbistjür to Wergea en it bistjür fan 'e Foriening ta it stiftsjen en it yn stanhalden fan skoallen mei de Bibel yn Warten, hawwe frege om it forgoedzjen fan 'e kosten fan it fakunder- wiis, as bidoeld yn kêst lOlbis fan 'e Lageronderwijswet 1920" oer it jier 1976. It giet hjir om it forgoedzjen fan 'e kosten fan ünderwiis yn 't hantwurkjen foar famkes, dy't yngefolge de wetlike foarskriften foar neamde skoallen respektyflik op 2.164,66 en 2.384,95 steld wurde moatte Wy stelle jimme üt it forgoedzjen sa't hjir foar oanjown wurdt fêst to stellen en dêrta de bisluten to nimmen dêr 't de üntwerpen fan foar jim by de stikken ré lizze om yn to sjen. Boargemaster en wethalders fan 'e gemeente Idaerderadiel, K.J. Vrijling, boargemaster. D. Smits siktaris. 3?E§=

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1977 | | pagina 37