Oan de leden fan de gemeenterie fan Idaerderadiel. GEMEENTE IDAARDERADEEI GROUW Nü. 3326. Underwurp: Gearkomste. Grou, 9 septimber 1977. Hjirby noegje ik jim üt foar in iepenb.iere gearkomste fan de rie op tiisdei 20 septimber o.s., de moarns om 9 üre. De boargemaster fan Idaerderadiel, K.J. Vrijling. WURKLIST: 1Oantekeningen Do oantekeningen fan de gearkomste fan 16 augustus 1.1. geane'hijirby yn üntwerp. Der wurdt ütsteld dy fêst to stellen. 2. Meidielings. Oan Jetze van der Goot, wurkman yn algemiene tsjinst fan dizze ge meente, is op forsyk mei yngong fan 1 oktober o.s. earfol üntslach for- liend yn forbSn mei syn sounwêzen. 3. Ynkommen stikken. a. It deistich bistjür fan'e "B.H.D. Friesland-Noord" dielt mei, dat deputearre steaten fan Fryslan de wiziging en oanfolling fan de mien- skiplike regeling (riedsbislut fan 18 jannewaris 1977) "B.H.D. Friesland Noord" goedkard ha. b. In skriuwen fan'e "Stichting Maatschappelijke Dienstverlening Midden Friesland" to Grou, dêr't de gefolgen fan in troch it ministearje fan C.R.M. foarnommen bisuniging yn'e sektor "Maatschappelijke dienst verlening", yn sinjalearre wurde. c. In biskikking fan'e Staetssiktaris fan C.R.M. oangeande it takennen fan in bidrach fan 10.000,foar de Shifting IDA foar 4 pro- jekten. d. Untfangstbirjocht fan deputearre steaten, oangeande de troch de rie op 28 juni 1977 fêststelde ütwetteringsoardering riolearring. e. Deputearre steaten hawwe it riedsbislüt fan 16 augustus 1977 om in wenning yn Grou oan to keapjen goedkard. Der wurdt ut.steld dizze stikken foar kundskip oan to nimmen. 4. Foarstel om de "Nieuwe Leeuwarderweg" en de "Kerkbuurt" yn Wergea as foarrangsdyk oan to wizen. 5. Foarstel om de mienskiplike regeling to wizigjen c.q. oan to foljen, oangeande it forlienen fan bystan by it foarkommen, biheinen en bistriden fan brannen en oangeande it helpen by oare gefallen. 6. Foarstel om in stanpunt to stellen oangeande it rapport skoaldokter- tsjinsten yn Frysldn. 1Biropskrift tsjin in bislissing ta it wegerjen fan in garansje foar rinte en öflossing fan in jildliening, dy't sluten wurden moat foar it keapjen fan in wenning.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1977 | | pagina 5