3SE öF^r. GEMEENTE IDAARDERADEEL GROUW 5. Utstel om yn te stimmen mei in troch de foarsitters fan de fraksjes fan de provinsjale steaten fan Fryslan ta de minister fan C.R.M. rjochte forsyk om de stjürtiid fan Radio Fryslan üt to wreidzjen. Nü. 837. Oan de gemeenterie. Grou, 6 april 1979. Sa as de stikken, dy't foar jim ré lizze om yn to sjen, bliken docht, hawwe de foarsitters fan de fiif politieke partijen yn de provinsjale steaten fan Fryslan har mei in forsyk rjochte ta de minister fan kultuer, rekreaesje en maetskiplik wurk, om mear stjürtiid beskikber to stellen foar Radio Fryslan. Yn it forsyk wurdt der op wiisd, dat in ütwreiding mar in bytsje mear kostet. Radio Fryslan hat yn it öfroun snietiidrek bilangryk wurk foar de frvske mienskip dien. Fjirder wurdt oanfierd, dat minderheden as bygelyks Stellingwervers, Bildtkers en seis hollansktaligen yn Fryslan faker oan bod komme, hwannear Radio Fryslan in mear folslein programma bringe koe. Oan de rie wurdt nou frege mei dit forsyk yn to stimmen. Op 'e selde tiid hat de gemeenterie fan Dantumadiel in moasje oannommen, dy't ek de strekking hat om Radio Fryslan mear üren ta to skikken. Dizze moasje is oan alle Fryske gemeentebistjüren tastjürd, mei it forsyk dêrmei yn to stimmen, as in moasje fan deselde strekking oan to nimmen. T7ij binne fan miening, dat de Fryske gemeenten harren wol posityf op- stelle moatte oangeande de ütwreiding fan it oantal stjürüren. Wij freegje üs wol óf, as dit nou wer yn !e foarm fan in moasje pleats fine moat. It forsyk fan de fiif fraksjefoarsitters liket üs folie better ta. Wij stelle jim dan ek üt, mei it forsyk fan de fraksjefoarsitters fan de Fryske steaten yn to stimmen en hjirfan kundskip to jaen oan de minister fan C.R.M. De moasje fan de gemeente Dantumadiel wie foar kundskip oan to nimmen. Boargemaster en wethalders fan de gemeente Idaerderadiel, K.J. Vrij ling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1979 | | pagina 35