-10- Forline jier augustus is de brêge yn de Jeile Migles de Visserwei ünklear rekke en is foar de bidriuwen efter de brêge tige spitich, dat dizze hjoed de dei noch net klear is. Ik bin wol binijd, hwa:t aenst dizze brêge bitsjinje moat? Komt hjir ien op, dy't op bipaelde tiden de brêge draeit as inoatte de bidriuwen dit seis wer dwaen? En is it ek de bidoeling de brêge op sneon en snein in pear üren iepen to hawwen. De tastan efter de brêge fortsjinnet ek net in priis foar it moaiste gehiel. Ik doel hjir op de skiphüzen, dy't d'r net al to fleurich meer bij steane. In inkele stiet al net mear, mar leit al. Ik tink, dat dizze bidriuwen graech dit ünderdak yn't wetter halde wolle, mar dan moat d'r al hwat oan dien wurde. Sa kin't net langer. Spitich is ek, dat d'r hjoed de dei noch gjin inkeld ütsjoch is op de bou fan in rioelsuveringsynstallaesje. It rioel yn Grou le.it op djipte, mar it öffalwetter giet noch gewoan nei Mar en Ie en alle oare fearten. Sa is it altiten west, mar hooplik bliuwt it net noch jierren sa. As de provinsje yn 1935 alles skjin ha wol, meije hja nou wol opsjitte. Ek in dikke tsjinfaller is it birjocht forline wike yn 'e krante, hwêr't vn stie dat de direksje fan Halbertsma foarloapich öfsjocht fan de forpleatsing fan it bidriuw üt de buorren. Komt de oankeap fan de pleats en it lan fan de hearen Van Oosten en Zwart hjirtroch ek yn se problemen? En de plannen foar de bou fan in jeugdherberg efter it aid büterfebryk. Komme dizze plannen troch dit bislüt ek yn 'e sigen? Ik soe my foarstelle kinne, dat it bistjür fan 'e jeugdherberg war docht hwat mei to pikken üt it potsje yn Den Haech. Mei dit jild wol m'n nammentlik de minsken oantrune de fekansje yn eirren lan troch to bringen. It hüs, hwer't eartiids de direkteur fan it büterfebryk yn wenne en nou as kantoarromte troch Halbertsma brükt wurdt, komt nei it klearkommen fan it nije kantoargebou op 'e oare kant fan de Grou meskien wol leech en ik leau ek, dat it büterfebryk seis net sa folslein troch Halbertsma brükt wurdt. Meskien lizze hjir aenst mooglikheden foar de gemeente dizze gebouwen oan to keapjen en it plak rom to meitsjen foar de jeugdherberg. Dêr komt bij, dat it aid büterfebryk, sa't it d'r nou bijleit ek gjin forfraeijing is foar Grou. Gelokkich binne d'r yn it öfroune jier ek wer forskate bistimminas- plannen goedkard. Hjirtroch kin nou yn Marten wer boud wurde, kin it bidriuw fan Van der Mal yn Wergea üt 'e buorren wei en kinne yn Grou nije bidriuwen komme On 1 septimber 1379 is kêst 6 fan de lanskipsoardering 1975 fan tapassing wurden op in tal wetters yn üs gemeente. As m'n it hjir al as net mei iens is, feit bliuwt, dat d'r in forfangend lizplak komme moat. Ik hoopje, dat it Kolleezje meikoarten mei in ütstel ditoangeane komme sil. Forline wike hat in mearheit. fan de Hie him ütsprutsen tsjin it ta stan kommen fan de nije gemeente Boarnsterhim mei Idaerderadiel d'r bij. Ik bin binijd, hoe't Deputearre Steaten hjirop réagearje sille. It mesykünderwiis yn üs gemeente stiet op 'e sigen. My moatte ai oppasse, dat it net forkalden -wurdt. Ek in ünderdak foar lytse bern en foar de hwat êldere jeugd is fan great bilano. As m'n foarkar ütsprekke moat, dan is it foar my wol in toer om to kiezen foar ien fan dizze saken.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1979 | | pagina 71