Zevenhüzen sil ek oanpakt wurde. Hoe fier is it hjir ncni mei? ICin de forpleatsing fan de VIVO gau tomjitte sjoen wurde? Ek in forbettering is it rékommen fan de dyk nei Idaerd en troch dit doarp. It mear is nea fol en dêrora soe in fytspaed ldns dizze dyk foar de skoalbern en de alderein tige to winskjen wêze It is ek to hoopjen, dat d'r gau in fytspaed komt neist de dyk fan Grou mei Jirnsum. Dizze dyk is slim gefaerlik foar fytsers. Minhear de foarsitter, it is wenst can it ein fan de skögings eltsenien in lokkich nij jier ta to winskjen, mar ik leau, dat dit op dit stuit nog wol hwat can de bitide kant is. I-7ol tankje ik Jim as Kolleezje foar al it wurk, dat Jim dien ha foar de bifolking fan de gemeente Idaerderediel. Ek alia amtners, dy't foar it wolwêzen fan de ynwenners yn 't spier west ha. ■lei namme tink ik ek oan al dyjingen, dy't yn it öfroune winterskoft tige warber west ha om it oerlêst fan de fikse poarsje snie en de crlêdue diken sa lyts raooglik to meitsjen. De heer Bouma: Foarsitter, Sjogge wy v/erom nei it öfroune jier, dan kinne wy konstatearje dat der dit jier goed buorke is. Der binne in scad saken ütfierd, oaren yn gang set en dochs hawwe wy nou in nochal royale begrutting foar üs lizzen. Hie de foarsitter it der yn it forline faker as ien kear oer, dat straks wannear1t ienkear it swimbad'/sporthal komplex draeide 'de wein to swier wurde soe, sadat de hynders him net mear lüke koene', oan't nou ta blykt dit near dan ta to fallen. Dit is in lokkig feit en wurdich de trije hynders, dy't dizze Idaerderadielster wein eltse dei lüke moatte, hjirfoar in kompliment to jaen. Ek de riedsleden en fraksjes binne dit jier goed warber west. Nei in v/at swiere start blykt no dochs, dat ek de riedsgearkomsten fan Idaerdera- diel yn in goede sfear forrinne kinne. Wy hoopje dat dizze positieve ünt- jowing ek takommend jier trochsette sil. It spyIten op'e publike tribune en ek it altyd mar v/erom kommen mei lange forhalen op riedsbeslüten sri da.n wol üt wêze moatte. Wy tinke byge— lvks oan it omkögjen en wer en wer-kögjen fan lanskipsferoarderingssaken. Wy binne fan betinken dat riedsleden en fraksjes harren tiid better stekke kinne yn saken dy't noch barre moatte. Hwant my tinkt der is genöch to dwaen. Sa komt de ruilverkaveling op üs öf en it is saek dér goed op yn to spyljen. j. oar in net ünbixangryk part is dat al bard troch de crrünoankeap yn Grcu-noard. Wy hoopje, dat Deputearre Steaten dit plan goedharre sil. i.t sprekt foar himsels, dat de ruilverkaveling ek nochal wat financi ële konsekwinsjes hawwe sil. Ek hjirmei sille wy üs yn 1980 dwaende halae moatte Nar it giet üs düdlik to fier om nou al, mei it each op boppe neamde kosten oare yn 'e takomst. to forwachtsjen greate ütjeften, de post ünfersjoen, op inkeide punten nei, stean to litten oan't healwei 1980. Nou sit ik noch net 17 jier yn 'e rie, mar it komt my nochal frjemd oer, sa'n foarstel.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1979 | | pagina 73