- 13 - Ik haw my doe mar konsintrearre op de sifers dy't op side 7a en 8 fan it stik steane, omdat in gewoan minsk dy sifers tominste begripe kin. Ik wol der wol by sizze dat ik de siferbry yn dit ütstel net oanfjochtsje. Ik nim tominste oan dat knappe koppen der lang genoch mei dwaende west ha. En vn'e praktyk wolle sifers, dy't yn theory opset binne wol gauris oars ütpakke. Sa wist it koileezje in 1970 te fertellen, dat 60 nve wenten yn Warten 120 nye ynwenners ople\rerje soenen. Wol it binne der mar 20 wurden. Foarsitter, as in koileezje in doarpenplan ré meitsje moat, dan mei men, ek al moat der wurke wurde binnen de grinzen dy't yn'e Grcba fêst lein binne, der wol wat fan ferwachtsje. Mar ik moat sizze, dat de sifers, dy't yn 'e tabel op side 8 fêstlein binne, my wol hwat tsjinfalle, Want al lykje de sifers foar Warten net üngunstich, yn 'e praktyk komt it der wol op del, dat as men sjocht nei it gemiddelde boutempo yn 't jier, yn forhalding de greatste hieltyd greater wurdt en de lytsen hieltied lytser, mei oare wurdenGrou sil tige hurd groeije w en Warten tige stadich. En as ik nou it sribjen fan dizze rie de iêste 6 jier bilüstere ha, dan wie it stribjen om Warten en Reduzum ekstra te stimulearjen. Mei de sifers, sa't dy hjir lizze, wurdt dat mei Warten neat. Sterker, as it sa troch giet, wurdt, sa as it koileezje hjir foarstelt, Warten yn de kommende 12 jier oantast as min of mear selsstannige kearn. Want mei dit boutempo giet it forsjenningsnivo beslist efterüt. De middenstand dyt it nou al dreech hat, sil noch mear oantast wurde, warme bakker en slachter binne al fuort. En foar de skoallen wurdt it al hielendal mouilik. De bisündere skoalle is fan 3 nei 2 learkrêften gongen en de beukerskoalle fan twa nei ien. En dat hoegt sa net. As wy by de provinsje dêrop wize, dat Warten yn 'e perioade 1970 - 1980 troch forskate oarsaken, mar foaral troch it te traech klear kommen fan bestimmingsplannen folie minder groeit is as de oare doarpen fan de gemeente - yn 1973 hie Warten bygelyks noch mear ynwenners as Reduzum - en as we dan ek noch wize op it feit, dat der yn Warten yn de lëste 6 jier net mear bouwt is, dan .is it düdlik, dat it ütgongspunt by de berekkening foar Warten tige iengaedlik is. As men dan ek noch sjocht nei de sifers dy't men koartlyn krigen hat fan de wenningbouforiening en der't üt bliken docht, dat Warten yn forhalding mear w wenningsikenden hat as de oare doarpen, dan binne der foar Harten grif wol oare sifers op te setten, dan it koileezje hjir foar üs dellein hat. De Groba seit wol dat it ynwennertal fan Idaerderadiel mar fan 0,5 - 1% groeije mei, mar de Grcbe seit ek, dat doarpen yn in heger klasse pleatst wurde kinne en dan mei it fan 1 - 1,5% groeije. Ik mien, dat Warten sa'n bisünder gefal is. Dêrom foarsitter, haw ik de sifers op 'e staat fan side 7 en 8 oanpast op basis fan'e groei fan 1,5% foar de ynwenners fan Warten. Omt de natuerlike oanwask fan de doarpen bliuwe moat, komt op side 7a wat de leste kolom oangiet der sa üt te sjen. Grou 60, Wergea 30 en Warten 110 ynwenners near en yn wenten Grou en Wergea respektivelik 16 en 8 minder en Warten 24 mear. Oan't safier it ütstel" De heer Van der Wagen zegt, dat de consequentie van het streekplan is, dat de gemeente zelf plannen tot woningverdeling voor de dorpen moet maken. Wartena heeft op die mogelijkheid ingespeeld en is zelf met een plan gekomen. Het aantal inwoners in Wartena is gedaald, terwijl uit het rapport woningzoekenden van de woningbouwvereniging blijkt, dat het aantal woningzoekenden in Wartena procents- gewijs het hoogst is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1980 | | pagina 29