9Oanfraach op grün fan kêst 72 fan de Leger- ünderwiiswet 1920 fan it bestjoer fan de feriening fan protestantsk kristlik basiünder- wiis te Warten om meiwurking foar it oantugen fai lesmateriaal foar it fak Frysk. 23E Nt 1935. Oan de gemeenterie. Grou, 8 augustus 1980. Yn forban mei it ynfieren fan it Frysk op de skoallen foar gewoan leger under- wiis as fak en as fiertaal mei yngong fan 1 augustus 1980 forsiket it bestjoer fan de feriening fan protestantsk kristlik basisünderwiis to Warten om mei tapassing fan kêst 72 fan de Leger-ünderwiiswet 1920, it nedige jild ut de gemeentekas ünt- fange to meien foar it oantugen fan lesmateriaal op dit mêd. Oan de oanfraach is taheakke in begreating, dy't in bedrach fan f 1.429,05 oanjout. Oangeande dizze oanfraach hawwe wy it advys frege fan de ynspekteur fan it beuker- en leger ünderwiis. Ut dit advys, dat foar jimme op besjen leit, docht bliken, dat de ynspeksje it learplan Frysk beoardield hat en mei de oerleine bi- greating foar dizze skoalle akkoard gean kin. Wol merkt de ynspekteur op, dat yn de takomst in oanfoiling pleats ha moat om mear oandacht jaan te kinnen oan it skriuwen fan de Fryske tael. Omdat nei üs miening mei it ynwilligjen fan it forsyk de gewoane easken, dy't men oan it jaen fan leger ünderwiis stelle moat, net te büten gean wurde en ek oars gjin grünen om to wegerjen oanwêzich binne, stelle wy jimme ut, de frege meiwurking te ferlienen en dêrta in beslüt te nimmen, hwerfan it üntwerp by de riedsstikken foar jimme op besjen leit. Boargemaster en wethalders fan de gemeente Idaerderadiel, B.G. Holtrop, boargemaster. P.H. Starreveld, siktaris. GEMEENTE IDAARDERADEEL GROUW

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1980 | | pagina 59