GEMEENTE IDAARDERADEEL GROUW Nü. 2583. 5. Oanfraach op grfin fan kêst 72 fan de Leger-ünderwiiswet 1920 fan it bestjoer fan de Roomske legere skoalle, de Sint Martinusskoalle te Wergea om meiwurking foar it oantügjen fan lesmateriaal foar it fak Frysk. Oan de gemeenterie. Grou, 10 oktober 1980. Yn forban mei it ynfieren fan it Frysk op de skoallen foar gewoan leger ünderwiis as fak en as fiertaal mei yngong fan 1 augustus 1980 fersiket it bestjoer fan de Roomske legere skoalle, de Sint Martinus skoalle te Wergea om mei tapassing fan kêst 72 fan de Leger-ünderwiis- wet 1920, it nedige jild üt de gemeentekas üntfange te meien foar it oantügjen fan lesmateriaal op dit mêd. Oan de oanfraach is taheakke in begreating, dy't in bedrach fan 1.250,oanjout. Oangeande dizze oanfraach hawwe wy it advys frege fan de ynspekteur fan it beuker- en leger ünderwiis. Ut dit advys, dat foar jimme op besjen leit, docht bliken, dat de ynspeksje mei de oerleine begreating foar dizze skoalle akkoard gean kin lvkwols mei ütsündering fan de léste trije ünderdielen. Neffens de noarmen fan de ynspeksje moatte de bedragen foar dizze trije ünderdielen meiinoar mei 50, ferlege wurde, wêrtroch in begreatingsbedrach fan 1.200,üntstiet. Omdat nei üs miening mei it ynwilligjen fan it fersyk de gewoane easken, dy't men oan it jaan fan leger ünderwiis stelle moat, net te büten gean wurde en ek oars gjin grünen om te wegerjen oanwêzich binne, stelle wy jimme üt, de frege meiwurking, mei yn achtnimming fan de op merking fan de ynspekteur, te ferlienen en dêrta in beslüt te nimmen, wêrfan it üntwerp bv de riedsstikken foar jimme op besjen leit. Boargemaster en wethalders fan de gemeente Idaerderadiel B.H. Holtrop, boargemaster. P.H. Starreveld, siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1980 | | pagina 35