- 16 -
Nei de stimraing dooht bliken, -dat do- h<*nr Knoaeen, mefrou
Faberen de hear Van der Goot mei algomiene stimmen beneamd binne
as lid fan respektivelik de le, 2e en 3e ofdieling.
It Reglemint fan Oarder sil yn oerienstimming hjirmei wizige
wurde.
Comptabiliteit
Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform
het voorstel besloten.
Utstel oangeande it jaan fan Fryske nammen oan wetters en geaën en
oan de doarpen yn de gemeente.
1. De hear Van der Goot seit wat de list oangiet, dat de saneamde
lytse kommisje ut de ried it net sa dreech han hat, om't der
stipe wie fan saakkundigen, dy't troch de FNP frege binne.
Sprekker is dan ek fan betinken, dat dizze list mei de kaart sa
trochstjoerd wurde kin nei de Topografyske tsjinst. Der binne
twa listen, ien mei nammen fan wetters en geaën en ien mei nammen
fan buorkerijen.
De Topografyske Tsjinst kin hjir seis in kar ütmeitsje.
Sprekker tanket de minsken fan de Fryske Akademy en de niisneamde
saakkundigen. Sunder haadlike stimming wurdt dan neffens it ut
stel besluten.
2.De hear Van der Goot fynt it twaslachtig om de list mei fryske
nammen fan wetters, geaën en pleatsen troch te stjoeren en dan
de doarpsnammen yn it nederlansk op'e kaart te setten. Sprekker
wit dat der in provinsiale kommisje is dy't oer de fryske plak-
nammen kedize sil. Sprekker wol hjirop net foarütrinne, mar
de listen moatte foar ien febrewaris yn Delft wêze oars wurde se
net meinommen. It is in lytse oantrün foar de tsjinst en fierder
moat mar of wachte wurde ,w<r't deprovinsiale kommisje aansens mei
komt
De hear De Wolf mient dat it stanpunt fan it kolleezje is dat
"voorzichtigheid de moeder van de proceleinkast is". Sprekker
sjocht it wat oars. It utstel fan de leden Van der Goot, aehormor
Terpstra en De Wolf is de fryske nammen fan de doarpen ek op'e
kaart te setten. Mear net. Yn de earste 10 of 12 jier krigetmen dêr
gjin kans wer ta. It hat fierder ek gjin inkelde konsekwinsje en
it kostet neat ekstra's. It ferplicht de gemeente net registers te
feroarjen. De kans leit hjir yn, dat de Topografyske tsjinst
stadich oan oergiet op fryske nammen dy't yn dy Regio brükt wurde.
Mear wurdt der net frege. Sprekker fynt dat it kolleezje der
te folie efter siket. Dit binne saken dy't stadich oan barre moatte
en ien fan dy stapkes is it fersyk oan de Topografyske tsjinst om
dit no te dwaan. Miskien is der in kans dat de nammen net oernom-
men wurde lyk as by de gemeentenammen bard is. Mar it kin yn elts
gefal probearre wurde.