GEMEENTE IDAARDERADEEL GROUW Nü. 698. 5. Utstel om oan trije nij oanleine strjitten yn it nije bestimmingsplan te Warten in namme te jaan. Oan de gemeenteried. Grou, 3 april 1981. Oan trije yn it nije bestimmingsplan Warten-noard oanleine strjitten moatte noch nammen jün wurde. It giet hjir: a. om it gedielte strjitte tusken de trochlutsen "De Bleek" en "De Mieden',1 dat yn in romme bocht oanslüt op 'e besteande strjitte "De Mieden"en b. om de strjitte, dy't eastlik fan it krekt neamde gedielte leit en dy't mei in ütrin nei it westen de ferbinning tusken "De Bleek" en "De Mieden" foarmt. c. jt ferlingde fan de besteande strjitte "De Bleek", der't de nije premie A- wenten en wenningwetwenten oan boud wurde. De tekening, dêr't dizze strjitten op oanjün binne, leit by de stikken foar jim om yn te sjen. Fan de feriening VW-Doarpsbelang en de Stifting Warten binne suggestjes foar nammen üntfongen. VW-Doarpsbelang stelt üt earstneamde strjitgedielte (a) dus it fer lingde fan De Mieden, de namme te jaan fan "It Bütlên" of "It Skar". "It Skar" wol sizze, in oandiel yn de algemiene greide. Dizze stikken lan wurde faak foar it jongfee brükt. Foar de strjitte (b)dy't likernöch rint oer it plak, dêr't eartiids (sa'n sechtich jier ferlyn) de seilen fan skippen taand waarden (Warten wie doe ek noch in seilmakkerij) advisearret VW-Doarpsbelang de namme "Taanpóle". De Stifting Warten stelt üt oan de under a neamde strjitte de namme te jaan fan "Taanpóle" en oan de ünder b neamde strjitte de namme "Master Wittermansstrjitte" Nei oanlieding fan beide suggestjes wolle wy it folgjende opmerke. By it jaan fan strjitnammen moat men sa folie mooglik ütgean fan de praktyske brükberens fan de nammen yn de administraasje, de skriuw- en sprek- taal. Fierder moatte de nammen mei it each op de meganisaasje en de auto- matisearring fan de befolkingsadministraasje net te lang wêze. Yn dat ljocht sjoen achtsje wy de ütstelde nammen grif akseptabel, soks mei ütsündering fan de namme Master Wittermansstrjitte, dy't yn'e meganyske administraasje wol öfkoart wurde moat. De bedoeling fan it jaan fan strjitnammen en hüsnümmers is fierder, dat eltsenien de ynwenners maklik fine kin. Men kin dit ünder oaren befoarderje troch yn in bepaald bestimmingsplan sa- folle mooglik by inoar passende nammen te kiezen. Sa hawwe wy yn Grou de fügelstrjitten, blommestrjitten, nammen fan skippen, buorkerijen, allegear bijelkoar. De "nijbou" fan Warten hat oan 't no ta strjitnammen krigen, dy't fer- ban halde mei greide. Sa fine wy "Meagere Weide", "De Greiden", "De Mieden", de namme "De Finne" foar de nije iepenbiere legere skoalle, "De Bleek" ensfh. It is passend dêrby de nammen "It Bütlan" en "It Skar" te foegjen. Nei üs betinken past de namme "Master Wittermansstrjitte hjir net by, oars mei alle respekt foar it dwaan en litten fan de master fan foarhinne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 37