-2- Faaks dat by in oare gelegenheid dizze namme noch ris in kins kriget. De namme "Taanpöle" hat ek gjin ferban mei greide, mar past hjir dochs wol mei it each op de skiednis fan krekt dizze oarde. Noch ien algemiene opmerking. Mei it feroarjen fan strjitnammen moatte wy wat foarsichtich wêze. Dit bringt tsjintwurdich nochal wat swierrichheden mei fanwege de postkoade fan de P.T.T.öfsjoen fan alle feroarings yn ferskate administraasjes. Dêrfandinne miene wy ek beswier meitsje te moatten tsjin it feroarjen fan de namme Meagere Weide. Wy hawwe hjiroer in fersyk krigen. Wy stelle jimme it folgjende üt: 1. Oan it nije gedielte strjitte a, tusken de trochlutsen strjitte "De Bleek" en "De Mieden"dat oanslüt op de besteande strjitte neamd "De Mieden"ek de naiune fan "De Mieden" te jaan. Omdat wy ek de nammen "It Bütlan" en "It Skar" tige gaadlik fine, wolle wy dizze nammen graach foar letter bewarje. 2. De ünder b neamde strjitte, rinnende tusken "De Bleek" en "De Mieden", mei in ütrin nei it westen, de namme te jaan fan "Taanpöle", in moaie historyske namme, dy't bewarre bliuwe moat. 3. De ünder c neamde strjitte, dy't oanslüt op'e besteande strjitte "De Bleek", ek de namme te jaan fan "De Bleek". It dêrta te nimmen beslüt leit yn konsept by de stikken foar jim om yn te s jen. Boargemaster en wethalders fan Idaarderadiel B.G. Holtrop, boargemaster. P.H. Starreveld, siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 39