- 10 - 14. Voorstel tot vaststelling van een subsidieverordening sociaal-cultureel werk in de gemeente Idaarderadeel. De hear Bouma seit oer dit ütstel it folgjende: "Oer dizze subsydzje-oardening is al hiel wat öfpraat. Net allinne troch de riedsleden mar mei namme troch de Wolwêzens Kommisje en de fertsjint- wurdigers fan de ferienings en wurkgroepen. Foaral de Wolwêzenskommisje fertsjinnet nochris op'e nij in komplimint foar harren wurk. Nei myn betinken wie de léste wurkgearkomste gjin opstekker foar harren om optein fierder te wurkjen, hooplik skatte hja de wurdearring foar it folie wurk dochs goed yn en bringe hja dit och sa wichtige wurk ta in goed ein. No oer de beswieren dy't yntsjinne binnen nei oanlieding fan it konsept fan it kolleezje. De wurkgroep sportive rekreaasje "Speel mee" reagearret op it weilitten fan harren wurkfoarm. Nei üs betinken terjochte, W it üntgiet ek üs wêrom't it kolleezje dizze wurkfoarm gewoan skrast hat. Ek wy fünen dat de tekst fan'e kommisje te fier gong. Hjirtroch soe de rekreative sport sterk "befoardield" wurde boppe de reglementearre sport. Mar wêrom is doe net daliks socht nei in better alternatyf? No jout it kolleezje yn twadde ynstansje ta, dat hja te fier gongen is. Wy binne it mei de nije tekst iens en dus tinke wy dat dit beswier- skrift mooglik gesichtsferlies foarkommen wurde kind hie. It 2e beswierskrift is yntsjinne troch de stifting Ida. Oanslutend by de réaksje fan it kolleezje fine wy, dat it no krekt ien fan'e goede kanten fan'e subsydzje-oardening is, dat bestjoeren oanset wurde ta it meitsjen fan plannen. Dus ofweagje wat doch ik en wêrom en wat kostet dat dan. Dat it hjirmei net in papierwinkel wurde moat is sa düdlik as wat. De "freze" dy't "Ida" ütert, dat de aktiviteiten, dy't oan'e sub sydz je fêst sitte, in domper foar it opteinens wêze sille, komt tinkt my fuort üt it nije; it ünwissens. De subsydzje-oardening is krekt in stimulans, dy't de projekten düdlikheid jout, sawol wat it belied fan'e gemeente oangiet as wat de te ferwachtsjen subsydzje oanbelanget. Sa binne wy daliks al by it 2e beswier fan Ida. De ünwissens foar it subsydzjebedrach is net sa grut as hjir oanjün wurdt. Foar it begjin fan it ferieningsjier, wit men al wêr't men op rekkenje kin, om't de bedragen by de behanneling fan'e ge- meentebegrutting fêststeld wurde. Trouwens it safier yn't foar meitsjen fan plannen begrutsje moatten is wol it ienige neidiel fan de subsydzje- oardening. Op beswier 3., de personielskosten, kom ik daliks by de wurkfoarm werom.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 31