18 - De foarsitter seit, dat it kolleezje mei dit ütstel gjin muoite hat, en i't hat ek gjin oanlieding sjoen om yn it fersyk fan de hear Van der Goot om twa banken te pleatsen in relaasje te sjen mei it oantal sitten dat de FNP by de folgjende riedsferkiezing tinkt te be- hel j en. Hy freget oft de ried him fine kin yn it ütstel om beide banken te pleatsen en it plak troch gemeentewurken en Van der Goot ütsykje te litten. De hear Zwart freget of de besteande banken der wol reedlik ut- sjogge. Sa net dan meie alle banken yn de doarpen wol ris neisjoen wurde De foarsitter sil dit trochjaan oan gemeentewurken. De hear De Wolf is bliid mei de suggestje fan de foarsitter yn'e rjochting fan de selswurksumens fan de hear Van der Goot en fierder is sprekker mei de aide Romeinse senator fan miening dat de luif dèr bliuwe moat. Sunder haadlike stimming wurdt dan yn oerienstimming mei it ütstel besluten. Hierna sluit de voorzitter de vergadering. Aldus vastgesteld in de openbare vergader 181. voorzitter. secretaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 47