GEMEENTE IDAARDERADEEL GROUW Nü. 1570. Oanfraach op grün fan kêst 72 fan de Leger-ünderwiiswet 1920 fan it be- stjoer fan de feriening fan prote- stantsk kristlik basisünderwiis te Grou e.o. om meiwurking foar it oan- tugen fan lesmateriaal foar it fak Frysk. Oan de gemeenterie. Grou, 3 july 1981. Yn forban mei it ynfieren fan it Frvsk op de skoallen faor gewoan leger ünderwiis as fak en as fiertaal mei yngong fan 1 augustus 1980 forsiket it bestjoer fan de feriening fan protestantsk kristlik basis ünderwiis te Grou e.o. om mei tapassing fan kêst 72 fan de Leger- ünderwiiswet 1920, it nedige jild ut de gemeentekas üntfange te meien foar it oantugen fan lesmateriaal opditmêd. Oan de oanfraach is taheakke in begreating, dv't in bedrach fan 3.395,70 oanjout. Oangeande dizze oanfraach hawwe wy it advys frege fan it vnspek- teur fanit beuker- en leger ünderwiis. Ut dit advys, dat foar jimme op besjen leit, docht bliken, dat de ynspeksje it learplan Frvsk beoar- dield hat en mei de oerleine begreating foar dizze skoalle akkoard gean kin. Omdat nei üs miening mei it ynwilligjen fan,itforsyk de gewoane easken, dy!t men oan it jaen fan leger ünderwiis stelle moat, net te büten gean wurde en ek oars gjin grünen om te wegerjen oanwêzich binne, stelle wy jimme üt, de frege meiwurking te ferlienen en dêrta in be- slüt te nirnmen, hwerfan it üntwerp by de riedsstikken foar jimme op besjen leit. Boargemaster en wethalders fan de gemeente Idaarderadiel, B.G. Holtrop, boargemaster. S. Pijlman, lo.-siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 75