- 7 - Dat it Grouster wurkgelegenheidsplaatsje dan ek foar in grut part fan Halbertsma öfhinget is wol düdlik. Like düdlik binne de gefolgen foar de Grouster mienskip, dy sille der, sa freze wy, net om liege. Tinke wy dan ek noch oan'e situaasje by Stork, dan is it düd lik dat der wat barre moat. No is it fansels foar üs slim om oan te jaan wat der konkreet mooglik is om dat te foarkommen. Dat is üs taak net en wy hawwe dêrfoar ek te min gegevens. Oan'e oare kant leit der wol düdlik in taak foar de gemeentlike oerheit. Dêrom wolle wy hjoed ütsprekke alles te dwaan wat binnen üs foech leit. Wol binne wy fan betinken dat wy no al oanjaan moatte, dat der wat dien wurde kin. It is net sa, sa't sommigen wol foarkomme litte wolle, dat der in wurkleazensspook is, wat no ek yn Grou roun- sweeft, en dêr't neat tsjin te dwaan wêze soe. Der is, mei namme op it politike mêd, noch hiel wat oan te dwaan. Mooglik net yn dit konkrete gefal, al moat dat besocht wurde, mar it jildt grif yn it algemien. Sa is der telkens wer de öfweging mooglik tusken direkt ekono- mysk rendemint en wurkgelegenheid, hoe nau it iene ek mei it oare ferweven is. Yn dit kader tinke wy oan'e N.O.M. Dy is der ommers foar it üntwikkeljen fan'e wurkgelegenheid yn it noarden. Dizze N.O.M. hat de oandielen fan Halbertsma yn besit. Halbertsma hat ferline jier mei winst draaid. Dat de boudivyzje, troch it weifollen fan'e merk ynkrimpe moat is düdlik. Dat kin allinne ferhindere wurde troch strukturele lannelike oplossingen. Mar dat foar in goed renderende pallet divyzje no, nei in pear minne moannen, ek sokke fiergeande foarstellen dien wurde, freget om nijer oerliz en ündersyk. Ynnovaasje stiet heech yn it N.O.M. findel. Jild ütlüke foar it ynnoveren binnen dit ta yn't koarten noch mei winst draaiende bedriuw liket üs better dan 220 man op strjitte te setten. Pan hiele oare oarder, mar as direkt gefolch fan dizze plannen, is de problematyk dy't de leegkommende gebouwen foar de gemeente op- ropt. Wat yn ünderdielen barre soe, komt no yn icn kear. Dit kin in gemeente allinne net opfange en wy roppe it kolleezje dan ek op alle prikken yn it wurk te setten by it ryk om finansiële stipe foar de oerdracht fan groun en gebouwen te freegjen. Wy hawwe as fraksje de foarstap nommen dit punt jün oan'e oarder te stellen en hawwe boppedat fia de party üs 2e keamerfertsjint- wurdigers op'e hichte brocht. o Om't de problematyk fier boppe de pleatslike party polityk üt- stiigt, wolle wy ek de oare fraksjes oproppe harren fertsjintwurdi- gers yn te ljochtsjen. Foar't ik üt namme fan alle fraksjes in moasje yntsjinje, wol üs fraksje earst foarstelle om op koarte termyn mei in delegaasje üt'e rie in gesprek oan te freegjen mei de direksje en de Qndernim- mingsrie.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 17