- 4 - De hear Van der hoot seit, lyk as de hear Knossen ek dien hat, dat it in historyske jün is. Wy steane jGn foar in tige wichtige saak, nammentlik de oankeap fan "Halbertsma" oan dizze kant fan'e Grou. A1 jierren oanien is hjir oer praat en bytiden like it der op dat de forpleatsing fan Halbertsma nei de oare kant syn gerak krije soe.Lan waard oankocht en it skimere sa no en dan fan de miljoenen. Dat wie yn'e fleurige tiid. Hjoed de dei is de tiid goed yn it del- gean en it werom fan'e ferpleatsing is ek in hiele oare as in pear jier lyn. Mo is it needsaaklik it febryk op de oare kant by it nije kantoar te konsintearjen. It aide fabryk yn'e buorren heart al sa lang by Grou. Nimmen kin in tink ik, Grou foarstelle sönder dit. fabryk rün it aide kantoar fan baas Hidde. Letter moast it greater wurde. Der waard nij boud, seis boppe wetter en de neiststeande gebouwen, sa as it aid büterfabryk waarden oan kocht. No wurdt alles te keap oanbean foar in priis fan 3 miljoen. Nei myn betinken in slim hege priis, want ik sjoch it as gewoane bougrün. Mar wol bougrün wer't noch in protte oandien wurde moat. Der sil hiel wat barre moatte, foar't men mei it earste hüs begjinne kin. Der hat al in protte oerliz west mei de direksje fan it houtsjefa- bryk, sa't it eartiids neamd waard, mei de provinsje en mei ferskate ministeries. In komplimint foar it kolleezje, sa't de hear Bouma terjochte opmurk Ik begryp, dat der in protte meiwurkinc is om dit projekt slagje te litten. En no't de saken der sa foar steane sille wy wol gau meigean moatte, want sa'n kans krije wy fuortendaliks net wer. En lit üs dan hoopje, dat de keap hjirfan de wurkgelegenheit te goede komme sil. Foar Grou wurdt dit in tige yngripende saak. Ik bin fan betinken, dat hjir in stedeboukundich buro mei oan'e gong moat, dat de Grouster mienskip oanfielt. Want wat hjir komt is foar de kommende 100 jier gesichtsbenalend foar Grou. In unike kans en wat dat oangiet ha ik wol betrouwen yn it buro üt Assen. Wol bin ik benijd hoe't kolleezje him it ynpassen fan it aid ge- meentehüs en de kantine foarstelt. Lrcte wy der omtinke, dat i.t jinge, dat no aanst hjir delsetten wurdt yn in minne tiid, net tefolle it stimpel kriget fan dy tiid. Tige bliid bin ik mei it foarnimmen de Baai en de brêge bestean te litten. mooglik Graach soe ik freegje wolle, besykje sa folle/yn te spyljen op it wetter. Meitsje der desnoods noch mar wat mooglikhiden by. Ek wehalder Terpstra syn ferkearskommisje sil wol wer yn't spier moatte. Hjir lizze wer mooglikheden. Fansels tikket alles finansieel noch al oan. Ik kin it dan ek iens wêze mei de moasje, dat de oare foarnimmens fan'e gemeente ek troch gean moatte. It heal miljoen, dat opsparre is, mear kin de brüne net lüke. De heer De Jong zegt, dat hij heel kort kan zijn, omdat hetgeen hier zojuist is gezegd, de vragen, die gesteld zijn, de koop, waarover is ge sproken en het kompliment, dat het college heeft gekregen, allemaal aspecten zijn, die hij graag wil onderschrijven.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 9