- Foar üs leit it foarstel foar de definitive fêststelling fan de subsydzje list en it behandeljen dêrby fan de beswierskriften. Yn it algemien earst dit: Yn'e desimber gearkomste fan de rie is oer dizze list wiidweidich praat. Der lei in advys fan de wolwêzenkoranisje, werby men ütgong fan in totale subsvdzje fan roun 90.000,en it foarstel fan it kolleezje fan on en de by GO.000it selde bedrach as wat de rie tasein hie foar it jier 1981. De fraksje fan de Party fan de Arbeid is doe mei in soart fan Kom- promis foarstel kaam, werby it hiele subsvdzje bedrach rom 72.000, oanjüch. Dizze öfweging hat plak fün vn it ramt fan de totale begrutting. T'Jy binne it mei it kolleezje iens, dat der dringende reden wêze moatte, om dêr no fan of te wiken. T'Jy moatte dit iier sjen as in earste oanset ta in oar belied en mei iens as in jier fan besykjen. Om nei dit jier nei te crean of it op de goede wize bard is dat der yn it sosiaal kultureel wurkaktiviteiten yn 'e knel kaam binne, dy dochs belangryk fün wurde. In nij yn te stellen wolwêzen kommisje soe hjir oer gear moatte. Dêrby sil de kommisje de be- lanarike kontacten mei de vnwenner fan üs gemeente yn stan halde moatte. Der wie in goede earste oanset ta jün yn 'e ofrüne 2 jier. Betinke wv derbv dat de nije oanfragen foar 1933 yn maaie barre moatte, dan stelt de fraksje mei teloarstelli.ng fêst, dat der yn dizze gearkomste net in foarstel leit foar in nij yn te stellen kommisje. TJy fine it 0 sa spitich. In fraach oan it kolleezje: 1. Nat is hjirfoar de reden. Begjin febrewaris is in foarstel bahannele vn 'e 2e ofdieling en der wiene gjin grutte öfwikende mieningen. 2. Nannear komt it foarstel no. 3. Hoe sjocht it kolleezje it vnwurkjen fan in nije kommisje op dizze koarte termyn. No de beswierskriften. Ja falie yn it jeugd— en jongeren wurk en it ferienings en untwikkelingswurk folwüksenen. Om by it earste te benjinnen. Stifting Ida, Qlubb, R'huizum - Doarpshüs. De proseduere rün de desintralisaasje haldt yn, dat groepen yn in ier stadium neitinke moatte oer harren aktiviteiten en dertroch twongen wurde binnen de ynstelling in belied on te setten. Dat bringt wurk mei, en kin lestich wêze, mar it kin yn in groep ek hiel posityf wurkje. It is foar üs allegear in oroefjier en ik stel my foar dat it it kommende jier glêder ferinne sil. Mei trochdat de pro seduere net alhiel ferrün, sa as it moast (tink oan ter fisv lizzing) duorret if fêststellen fan de list ek ekstra iancr.Yn if foarstel is de oost hüefesting yn persintaasjes ferlege. Foar de oare posten jildt in totaal bedrach. Dat haldt yn, dat der yn e aktiviteiten snoeit wurde moat, mar dat de persintaazjes fan by- gelvks de aktiviteiten fan 50%, gelyk bliuwe. Trochdat aktiviteiten, twongen troch de omstannighedennet troch gean kinne (tink hjirby oan gjin hüsfestiging) kin der binnen it wurk noch skout wirde. Us fraksje fynt aan ek, dat binnen it jeugd- en jongerenwurk it to tale bedrach bestege wurde moat en oan it ein fan it jier net offloeie mei nei de algemiene middels. Dit yn oerlis.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1982 | | pagina 10