Dames en heren, de vakantie staat voor de deur, het zit erop
voor deze periode, al meen ik te weten dat u thans reeds doende
bent over de nieuwe periode te praten.
Regeren is vooruitzien en dat vraagt maatregelen. Ik wens
u daarbij veel wijsheid en sterkte, en voor allen van u een gpede vakantie
Dank u wel'.'
Hjiernei haldt de hear Zwart de folgjende taspraak:
"Foarsitter
Ik wol jo yn it foarste plak tank sizze foar de wurden dy't
jo oan myn adres rjochte ha, mar ek foar de attinsje.
Ja, en dan is it nei 8 jier riedslid west te hawwen no gebeurd
en ik moat sizze foarsitter, dat jout dochs wol wat in leecn gefoel.
Want 8 jier lang in grut diel fan jins frije tiid stekke yn it
riedswurk, der wen je oan en ik sil dat grif aanst wol wat misse,
alhoewol11 it ek wol noflik oan komme sil, dat men net mear sa
trochstrings in kear as seis yn'e moanne rjochting Grou hoege.
Ik wen je dan ek noch altyd yn in doarp, dat it fierst fan Grou
ofleit.
As ik no werom sjoch op de 8 jier rie, dy't efter üs leit,
dan moat ik dochs sizze, dat der foar my in düdlik ünderskie is
tusken de earste 4 jier en de leste. Ik moat earlik bekenne, dat
foaral de earste perioade fan de earste 4 jier foar my goed tige
dreech west ha; in kribbige sfear, sawol yn'e rie as yn'e fraksje
binne no ek net sa befoarderlik foar de foarming fan in oankommend
riedslid.
De léste 4 jier w ie der lykwols sprake fan in folie bettere
sfear en fan in kollegialiteit, sa't neffens my yn in rie ek heard,
omdat der dan pas echt goed bestjürd wurde kin.
Foarsitter, ik liuw dat ik sizze kin, dat ik myn riedslidmaatskip
op myn eigen wize dien ha, sa as ik dat ek went wie yn'e ferienings,
dy't ik yn it ferline han ha, dat wol sizze net te folie wurden
smoarch meitsje as dat net nedich is en foaral net prate nei de
publike tribune ta en besykje mei grutte wurden de parse te heljen.
Jo sitte no ienris net. yn in gemeenterie om jinsels sa goed mooglik
te ferkeapjen nei büten ta, mar om de saken, dy't op jo ofkomme,
sa goed mooglik te beoardieljen en der neffens te hanneljen en
dat hoecht net mei in bulte moaie wurden, want
Foarsitter
"In grut skip hat in bulte sok".
Ik moat sizze foarsitter, dat der yn de ofrüne 8 jier yn Idaarde-
radiel gans bard is, ik hoech de hichtepunten net te neamen, mar
ik bin bliid, dat ik der ek myn stientsje ta bydroegen ha. Fansels
binne der yn dy 8 jier ek wol tsjinslaggen west, mar it is mei
in gemeente krekt allyk as in skipper:
Dy t farket kriget wolris in yn'e wyns rak". Dat sil mei de gemeente
ek wol sa bliuwe.
Werom haldst der no mei op? Do bist ommers noch in jongkeardel,
- hoewol't myn bern der wolris oars oer tinke - sa is wol gauris
tsjin my sein.
No ik bin 2 jier lyn ponghalder wurden fan de "Stichting Jacht
haven Wartena" wat in hiel grut diel fan myn frije tiid opeasket,
derby ha ik in drokke baan, wêrtroch de meiwurking foar it riedswurk
fan dy kant net al te grut is.