16 - Dat sadwaende moast der in kar dien wurden. Yn dit gefal ha ik keazen foar it nije ünder it motto: "Altiten oer ien boech sile, dat giet net" Ik woe jimme kollega-riedsleden betankje foar jim kollegialiteit en de fijne sfear weryn't wy de leste 4 jier wurke hawwe en ik woe hjir de minsken fan it gemeentehüs en gemeentewurken ek graach yn belüke. Ta beslüt winskje ik de nije Rie fan Idaarderadiel in protte wiisheid ta en ik hoopje dat de sfear sa bliuwt, sa as dy de leste tiid wie, want it is sa boargemaster ek foar jo as skipper fan de gemeente jildt: "De grutste pleagen foar in skipper binne in lek skip en in luik wiif" Dankewol" De hear De Jong wol yn dit ferban ek noch graach wat sizze. Sprekker seit, dat hy mar werom sjen kin op ien jier as riedslid. Allinne dêrom al wol hy it wat koarter dwaan as de hear Zwart, dy't op 8 jier tebek sjen kin. "Ferline jier septimber bin ik nochal füleindich ütein set. Ik hie it lüd doe net mei, mar dat kaam, omdat it doe de tiisdeis nei de merke wie". Hy hat doe al sein, dat de gemeente hiel wat slimmer te bestjoeren is oan dizze kant fan de pilaren as oan de oare kant dêrfan. Sprekker hat dit it ofrüne jier düdlik merkbite kinnen. "It is hiel spitich fan sa'n beste gemeenteparty as I.D'78, dat it lot ütwize moast, dat se mar mei ien sit wer werom kamen". Perscanlik fynt hy it ek spitich, om't er sa'n protte nocht hie oan it riedswurk. Dat haldt no op. Dat leit yn'e polityk net oars. Sprekker wol net neilitte alle kollega-riedsleden, it kolleezje fan boargemaster en wethalders en de amtners te tankjen foar alle help en stipe. Hy hopet dat de kollegialiteit en de goede sfear yn'e rie - kollega Zwart hat it ek sein - ek yn'e kommende tiid sa bliuwe sil. Dat men der ek üt komt, wat de foarming yn'e nije rie fan it nije kolleezje oanbelanget. Ensafuorthinneensafuorthinne "Jitris eltsenien tige hertlik betanke en ek alfêst betanke foar de strik. Ik ha der net in paslik boesgroentsje by, mar oars die ik him fuort om", sa beslüt sprekker. Hierna sluit de voorzitter de vergadering. Aldus vastgesteld in de openbare vergadering van 7 september 1982 secretaris. voorzitter.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1982 | | pagina 35