MEEN7E IDAAHDERADEEL GROUW Nr. 1677. 20. Utstelta wiziging fan it jierliks subsydzje oan de Krite Grou. Oan de gemeenteried. Grou, 27 augustus 1982. ¥n jimme gearkomste fan 13 desimber 1977, nG, 21, is besletten oan de Krite Grou in jierliks subsydzje te jaan fan 50% yn barren eksploitaasjetekoart mei in heechste ütkearing fan 1.500, Sa wie dit ek alle jierren yn de gemeentlike begrutting opnaam. De Krite hat us no har finansieel oersjoch oer it ofrQne winterskoft tastjoerd, werüt bliken docht, dat it tekoart 4.830,05 is. Neffens jim riedsbeslüt soe har no 1.500,ütbetelle wurde kinne. It docht lykwols bliken, dat dizze post, dy't dus oars altyd apart yn'e begrutting opnaam wie, no yn'e post "Utjeften Sosiaal en Kultureel wurk" ünderbrocht is. Foar in part is dit net terjochte. Ut dizze post koe wol oan it "Krite Toaniel" in subsydzje fan 241,ütbetelle wurde, mar al it oare wurk fan'e Krite fait hjir net Qnder: dat wurdt nammentlik ta "berops" rekkene. Dit is op himsels net sa slim, mar de pot fan it sosiaal-kultureel wurk is ek suver leech en de Krite sil dochs wol wat ha moatte; it riedsbeslüt is net ynlutsen. Wy ha dan ek besletten oan'e Krite in subsydzje te jaan fan 1.500,241, j wat har al ütbetelle is foar it toaniel, 1.259,en^dit bedrach yn 1982 üt it fOns foar kulturele doelen te beteljen. Dêr sit noch wol wat romte yn. Tagelyk soene wy jim dan ütstelle wolle it öeslüt nu, 21 fan 13 desimber 1977 yn te iüken en in nij beslüt te nimmen dat - büten it subsydzje oan it Krite Toaniel üt it Sosiaal Külturele Wurk - oan'e Krite Grou in jierliks subsydzje jout fan 50% yn it eksploitaasje tekoart mei in maksimum fan 1.250, Dit bedrach kin dan yn 1983 wer yn de begrutting opnaam wurde. it Qntwerp-beslüt hjirta leit by de riedstikken op besjen. Boargemaster en wethêlders fan Idaarderadiel, B.G. Holtrop, boargemaster. P.H. Starreveld, siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1982 | | pagina 27