- 2 - De ingekomen stukken genoemd onder 3, 4-, 5 en 6 worden voor kennisgeving aangenomen 7. De hear De Wolf fynt it in goede saak dat der groepearringen binne, dy't harren ynsette om de demokratyske wearden te halden en te beskermjen. De oprop, sa't dy by de ynkomde stikken leit om heakekruzen, faksistyske en anti-semityske teksten ut te wiskjen, is hy it tige mei iens. Mar dat sa'n oprop komt fan it Frysk Anti Faksisme Komitee (F.A.F.K.), docht by sprekker in fraachteken rizen. Hy mient te witten dat yn it F.A.F.K. de kommunisten nochal warber binne en dat yn it kommunisme nochal wat anti semitisme bedreaun wurdt. "Yn de bakerkoer fan it kommunisme, de Sovjet- Unie, heart men nochal ris wat fan dy anti-semityske luden", neffens sprekker. Hy freget him of oft dit soarte aksjes üt dy hoekenet beskate bewegings binne om sa it unminsklike optreden fan it kommunistyske systeem, oeral dêr t it de macht krijt, wei te moffeljen. "It is it optreden fan in systeem dat folslein oerien komt mei de uteringen fan it faksisme", sa giet sprekker fierder. Hy soe dêrom it brief fan it F.A.F.K. nei de wurden "fascisme, nooit meer" oanfolje wolle mei "communisme, dat nooit", "want de utersten reitsje inoar en dat sprekt hjir hiel dudlik". Sprekker docht it fersyk oan B. en W. en oan de boargers om net allinnich faksistyske, anti-semityske wurden en teksten üt te wiskjen, mar alle soarten fan teksten fan plakken te ferwiderjen dêr't dy net thüs hearre. Hy hopet dat de tsjinst gemeentewurken op dat mêd warber wêze sil en him net behëint ta wat der yn it ütstel stietwant dat fynt sprekker dochs wol wat iensidich. De voorzitter zegt dat voorzover het verzoek van de heer De Wolf uit voerbaar is, daar aan voldaan zal worden. Voorts is hij van mening dat het niet juist is een band te leggen met eventuele achtergronden van degenen die een verzoek hebben ingediend. Eigenlijk zouden alle soorten leuzen verwijderd moeten worden, en nu is er een groepering die vraagt om in ieder geval deze kretologie te verwijderen, en iedereen is het er wel mee eens dat deze teksten in eerste instantie worden weggehaald. Wethalder Van Gorkum seit dat de ynlieding fan de hear De Wolf him net oansprekt. De hear De Wolf neamt de Kommunistyske Partij Nederlan en seit dat dy net dudlik ofstan nommen hat fan de diskriminaasje fan groepen minsken, wêrnei de hear De Wolf rjochtstreeks ferwiist nei de kommunistyske lannen. Sprekker fynt dat dat te fier giet. Oer it ütwiskjen fan de teksten seit sprekker dat foarrang jun wurde moat oan de teksten dy't it meast op it sear komme. Hokker dat binne, dêr kin üngelyk oer tocht wurde. Met inachtneming van het feit, dat geprobeerd zal worden zoveel mogelijk leuzen en in eerste instantie leuzen van fascistische of anti semitische aard te verwijderen, wordt de brief voor kennisgeving aangenomen. De ingekomen stukken genoemd onder 89 en 10 worden voor kennisgeving aangenomen 3. Mededelingen. De mededelingen genoemd onder 1 en 2 worden voor kennisgeving aange nomen 3. De hear Terpstra hat der muoite mei dat in feriening dy't yn it ferline eigen ynkomsten hie, no by de gemeente komt om subsydzje. Ferline jier wie der ek al in fersyk om subsydzje foar in feestjun en no is der subsydzje frege foar in oprjochtingsgearkomste mei konsumpsjes dy't fergees binne. Dat giet sprekker wat te fier. De voorzitter neemt aan dat de woorden van de heer Terpstra door de

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1982 | | pagina 5