3. Ferkeapjen fan it kantoar mei
garaazje oan de Gedempte Haven
11 te Grou oan de Stifting "It
GEMEENTE 'DAARDERADEEL Fryske Boek"
Nü. 2690.
Oan de gemeenteried.
Grou, 31 desimber 1983.
Begjin desimber hat de Stifting "It Fryske Boek" it foar har ornearre
gebou oan de Gedempte Haven 11 te Grou yn gebrük naam. It gebou
is lykwols noch fan de gemeente. Mei de stifting wie ofpraat, dat
sa gau as it gebou klear wie (it is troch de gemeente boud), it
oan de stifting ferkocht wurde soe.
De eksploitaasje fan de Stifting "It Fryske Boek" makke gjinhegere
ynvestering mooglik as 120.000, Dat wie fan it begjin of bekend
en ofpraat wie dan ek, dat it gebou foar dat bedrach ferkocht wurde
koe (sjoch ek üs ütstel fan 5 july 1982, nü, 1423).
Wy wiene fan doel de eigedom sa gau mooglik oer te dragen, mar in
misbegryp oer de betingsten fan oerdracht hie op it leste momint
ta gefolch, dat üs ütstel foar de gearkomste fan 21 desimber 1982
oanhalden wurde moast. It misbegryp is de wrald ütpraat en yn folsleine
harmony binne betingsten redigearre dêr't nei alle gedachten gjin
misbegryp mear oer üntstean kin.
Op grün fan it boppesteande slaan wy jim foar it kantoar mei garaazje
oan de Gedempte Haven 11 te Grou te ferkeapjen oan de Stifting "It
Fryske Boek" en dêrta in beslüt te nimmen, werfan it Ontwerp by
de riedsstikken foar jim op besjen leit.
Boargemaster en wethalders fan Idaarderadiel
de siktaris, de boargemaster,
P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.