- 5 - citeit van Grouw door het creëren van nog een jachthaven denkt spreker er ook aan dat de uitbreiding van de watersport wel eens in de richting van de kleinere open boten kan gaan. Die boten hebben behoefte aan een ligplaats dicht bij het watergebied, en dat is dan een bijzonder voordeel voor een lig- gelegenheid in Grouw. Enig optimisme dat een eventuele der,de jachthaven kans van slagen heeft vindt spreker daarom wel gerechtvaardigd, vooral als de plaatsen niet al te duur worden. Wel moet er op gelet worden dat het geen concurrentie wordt voor de jachthavens in de omgeving. Verder zal de extra ligcapaciteit in Grouw ook enige extra activiteiten met zich mee brengen. Spreker vindt daarom een grondige studie wel op zijn plaats en het voorstel van het college heeft zijn instemming. Hij wil daar nog wel bij opmerken dat ook overleg met het bedrijfsleven hier op zijn plaats is. De hear De Visser seit dat de hear Schermer üt namme van de fraksje sprutsen hat, mar yn dit gefal is der in öffallige. It liket him better dat der no earst allinnich besletten wurdt ta in ynventarisaasje, sa as neamd ünder d, en dat de oare trije ütstellen (a, b en c) letter oan de oarder komme, om't der dan in better oersjoch is. Wol is hy bang dat de natuer fan al dy boaten en minsken dochs wol skea lije sil. As der winterdeis wat boaten yn de natuer lizze, hat sprekker der gjin beswieren tsjin, mar hy fynt wol dat de minsken dy't simmerdeis op in paad binne op it wetter, bewust makke wurde moatte dat hja net de natuer fersteure moatte Fierders is hy fan betinken dat der net te folie wetten en regels komme moatte en dêrom liket it him better dat der earst ynventarissearre wurdt en dêrnei praat wurdt oer de oare besluten. Wethalder Van Gorkum heart üt de opmerkings dat men oer it generaal wol ien- ridich is mei hjir en dêr wat lytse ferskillen, ütsein de réaksje fan de hear De Visser. It sanearringsbelied en de oanlis fan de tredde jachthaven kin neffens sprekker net los fan elkoar besjoen wurde. Dat it net öfhinklik fan elkoar makke wurde moat is hy it wol mei iens. As de plakken yn it bütengebiet oanpakt wurde moatte, moat der wol in ferwizing komme. Om te foarkommen dat der hyltyd mear boaten nei it bütengebiet geane moat der in regeling komme. De Lünskipsoardering dy't brükt wurdt, is net iens fan tapassing op de natuergebieten. Der moat dan no yn elts gefal in regeling komme wêryn lisplakken yn de natuergebieten ferbean wurde. Dat kin dan los sjoen wurde fan it sanearringbelied foar oare parten. As der in sanearringsbeleid fierd wurdt, is it kolleezje fan betinken dat de minsken ek óare lisplakken oanbean wurde moatte kinne. De hear Van der Goot hat de suggestje fan liswallen jün en dat sil meinommen wurde. Sprekker kin net no tasizze dat yn öfwachting fan in tredde jachthaven der earst liswallen komme sille. Op de fraach fan de hear Schermer oer de ynventarisaasje seit sprekker dat dêryn ek de oerkapasiteitde wachtlisten en de tariven meinommen wurde sille. As algemiene opmerking seit sprekker dat de tredde jachthaven it léste heal jier regelmjittich op de wurklist fan de tredde öfdieling stien hat en it doel is om dat foarearst sa te halden. Fierders sil der ek kontakt opnommen wurde mei de belanghawwende groepearringen. Oer de ünderhannelingen mei Tasma seit sprekker dat dy yn in hiel noflike sfear fierd binne oan't no ta. Der is noch gjin akkoart om't der in prinsipieel ferskil wie yn it benaderjen fan de saak. Der is no in öfspraak makke hoe dat prinsipiële ferskil yn benaderjen oplost wurde kin. Hy hopet dat oer in moanne dit oan de kant is en dat de partijen dan saaklik tichter by inoar steane. Oan it yn fasen oanlizzen fan de jachhaven sil ek omtinken jün wurde. Dyjinge dy't de plannen besteksklear meitsje moat, moat der rekken mei halde dat it plan ek yn fasen oanpakt wurde moatte kin. Oer it kontakt mei oare jachthavens seit sprekker dat dat him in punt liket foar it momint dat der feitlik besletten is ta it oanlizzen fan de jachthaven. Dan binne de finansiële kanten ek düdlik.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 12