- 6 - Der bestiet by de ferskate sprekkers ferskil fan tinken oer de grutte fan de tredde jachthaven. It doel fan it kolleezje wie plak te meitsjen foar dy boaten wêrfan hja fine dat dy op in ferkeard plak lizze. Dat is it earste ütgongspunt en dêrop si11e de plannen foar in grut part makke wurde. Op dit stuit is der in wiidweidige stüdzje nei it sanearringsbelied en sprekker hopet dat der fuort nei de fakansje op werom kaam wurde kin. Hy fynt it spitich dat de hear De Visser net yn it prinsipe-beslüt ta in sanearringsbelied mei stimme kin. As hy de motivaasje fan de hear De Visser heart, liket him dat krekt in stipe fan wat it kolleezje wol mei it sanearrings belied. De hear De Visser tinkt dat it ferskil fan benaderjen tusken him en de wethalder sit yn it feit dat hy yn it Leechlan wennet en de wethalder op in doarp. Hy hat alle dagen it oersjoch oer it wetter mei de wettersportersdy der benammen yn de wykeinen binne. It is neffens him net steurend, allinnich moatte de minsken wat omtinken jaan oan de natuer. Om der fuort dan mar wer in jachthaven by te meitsjen liket him mar neat, it kin wol wat rêstich oan, dêrom kin der earst wol allinnich ynventarisearre wurde. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 11Voorstel tot vaststelling van de kavel- en grondprijzen in het bestemmingsplan Kom Grouw-de Baai. De hear Bouma wol üt namme fan de fraksje in komplimint ütsprekke omdat it üteinlike plan hast lyk is oan de earste opset en dan benammen de finansiële kant. Oer de ynhaldlike kant hat sprekker in fraach oer de frije sektor wenten. It stik grün dêr't dy hüzen komme moatte is yn ferhalding lyts. Syn fraksje freget him dêrom ek öf oft dat letter net in neidielige post foar dit plan wurde kin. Foar safier sprekker it oan't no ta beoardielje kin, is de ütwurking fan it noardlike part fan de Baai tige goed ferrün. Hy wol dêrom freegje oft de rie en de öfdieling foar de ütwurking fan it südlike part fan de Baai, sjoen de tiid noch mear belutsen wurde kinne by dy ütwurking, sadat hjir ek neitiid allinnich mar posityf oer tocht wurde kin. De hear De Visser fynt it wat neimeanen mar hy wol dochs ek syn kompliminten jaan foar de manear wêrop oan it plan de Baai wurke wurdt. Alle sifers dy't op papier komme, kin hy noch wol neirekkenje, mar mei de technyske kant fan it plan kin hy net folie wurde. As hy ta ferantwurding dêroer roppen wurdt, sil hy ferwize nei de wethalder of nei gemeentewurkenmar hy is him wol bewust dat hy mei ferantwurdlik is Fierders liket it him ta dat der op dy lytse hoekjes foar de frije sektor wenten allinnich mar sterile huskes foar sterile famyljes boud wurde kinne, dy't gjin kans krije hinnefliën en knineluzen op te rinnen om't der op de bleekjes gjin plak is foar sokke bisten. Hy fynt dat dat part fan it plan wat rommer opset wurde moat. De hear De Wolf tinkt dat de hear De Visser him net sa folie soargen hoecht te meitsjen oer it öflizzen fan syn ferantwurding om't hy goed mei de müle omgean kin. Fierders wol sprekker him oanslute by de kompliminten. Wethalder Van Gorkum seit dat it kolleezje de kompliminten yn tank oannimt. It hat harren ek fernuvere dat it allegearre sa goed kaam is mei de opset; dat dy sa goed oanslüt by it earste plan. Mei alle soarten fan subsydzjes dy't mei de finansiële kant gearhingje moat men wol ekspert wêze om it noch te begripen, mar it kolleezje sjocht nei it einresultaat dat der ütkaam is. Nei it neimeanen fan de hear De Visser wol sprekker de opmerkings noch efkes opswylje. De kavels fan de frije sektor wenten binne yndied lyts, en de hear De Visser tinkt oan lytsfee yn de greide. Mar dizze huzen lizze fansels

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 14