- 3 - 10. Voorstel tot het in principe besluiten tot het voeren van een saneringsbeleid voor de ligplaatsen in het buitengebied en het aanleggen van een derde jacht- haven te Grouw. De hear Schermer seit dat it yn dit ütstel giet om trije dingen. It sanearrings- belied foar it bütengebiet, de tredde jachthaven by Grou en it ferwizingsbelied. Yn in kombinearre gearkomste fan de earste en de tredde öfdieling fan de ried mei ütnoege belanghawwende groepearrings en letter yn syn fraksje, is der al wiidweidich oer praat. Yn grutte linen kinne hja it iens wêze mei it ütstel, mar der binne dochs noch in pear opmerkings. De needsaak fan in sanearringsbelied, en dan benammen foar de natuergebieten, is wol düdlik. Spitigernöch moat der mei de Lanskipsoardering '75 fan de provinsje wurke wurde. Dizze oardering sil ferfongen wurde troch in lisplakkenoardering, mar der kin net op dy nije oardering wachte wurde mei in sanearringsbelied om't dan de kans bestiet dat it eigen gebiet fol rint mei minsken üt oare sanearringsgebieten. Dêrom sil der dochs mei de Lanskipsoardering '75 yn 'e han maatregels troffen wurde moatte om dat te foarkommen. Yn syn fraksje is neffens sprekker, nei foaren kaam oft it sjoen de ekonomyske situaasje, wol ferantwurde is om in kolk mei sa'n 400 lisplakken te meitsjen. Dêrom is der üt syn fraksje ek de fraach kaam om njonken de ynventarisaasje fan lisplakken yn it bütengebiet ek in ynventarisaasje te meitsjen fan de oer- kapasiteit fan de havens yn de omkriten en de mooglike wachtlisten. Dêrby moat dan ek sjoen wurde nei de hantearre tariven. It moat yn de takomst net sa wurde dat 'troch te grutte taryfsferskillen de havens yn de gemeente elkoar bekonkurrearje. Fierder freget sprekker hoe't it stiet mei de ünderhannelingen mei Tasma, Mei de plakken dy't Tasma hat en de ynventarisaasje fan 1980 fan lisplakken yn it bütengebiet soe yn theory de nije jachthaven fol komme kinne. Mar it is net sein dat alle minsken dy't üt it bütengebiet en by Tasma wei moatte, dan ek automatysk nei de nije jachthaven geane. Dochs hat sprekker der wol betrouwen yn dat op 'e lange doer dy 400 lisplakken wol fol reitsje. De oanlis fan de nije jachthaven is foar in grut part öfhinklik fan de bydrage fan in heal miljoen troch de hegere oerheden yn de wei-omlizzing dy't troch de oanlis needsaaklik is. As dy sinten der net komme kin de oanlis net trochgean of men moat akkoart gean mei in frij foarse taryfsferheging de m2. Sprekker freget wat de kosten binne fan in mooglike oanlis fan de jachthaven yn fasen. Dêrby kin tocht wurde oan it graven fan de hiele kolk en it yn fasen opbouwen fan de foarsjennings of earst in lytse kolk meitsje mei mooglikheden ta lettere ütwreiding. Hoewol't it him ta liket dat dat ek djoer is, fynt sprekker dat dy sifers dochs op tafel komme moatte. Nei de ynventarisaasje yn 1980 fan lisplakken yn it bütengebiet wie der öfpraat dat der gjin nije lisplakken mear yn it bütengebiet akseptearre wurde soene. It befriezen fan de besteande situaasje wie doe it doel, mar troch it üntbrekken fan goede kontrólemooglikheden betwifelt sprekker of dat slagge is. De sanearring fan it bütengebiet moat mei grutte soarch dien wurde. De gebieten dy't it meast kwetsber binne moatte it earst üntromme wurde. Konkludearjend seit sprekker dat syn fraksje him wol fine kin yn it ütstel fan it kolleezje, neamd op side 4, de punten a, b, c en d mei de kanttekeningen dat: - der njonken de ynventarisaasje fan de lisplakken yn it bütengebiet ek in ynventarisaasje komt fan de oerkapasiteit en de wachtlisten foar omlizzende jachthavens en harren tariven; - de boaten dy't üt it sanearringsgebiet stjoerd wurde, folge wurde wêr't dy hinne geane, sadat dy net op in plak lizzen geane dat ek net it doel wie; - der ündersocht wurdt wat de mooglikheden binne om de tredde jachthaven yn fasen oan te lizzen en dat - as léste, by it definitive ütstel ek de behearsfoarm en de yn- en ütfeart fia de besteande kolk mei de Stifting Rekréaasje-oard regele is. De hear Knossen seit dat syn fraksje fan betinken is dat de ütstelde prinsipe- besluten in goede oanset binne foar in belied, sadat de situaasje aanst net

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 9