him dêrom de baas en lit dit fia de Feriening fan Fryske Gemeenten rinne. Ek mei om't der noch wat dingen ütsocht wurde moatte. Fierder fynt er dat de gemeenten sa sterk mooglik nei foaren komme moatte yn dizze saak en as it dan troch fer- skate partijen regele wurdt, dan giet it petear nei alle gedachten yn 'onderling gekrakeel' ünder. Fierder moat it net in algemien ferhaal wurde om't men dan by de 'roependen in de woestijn' te lane komt en dat kin ek net it doel wêze. De foarsitter fernimt üt de wurden fan de hearen De Wolf en Knossen dat hja net alhiel tsjin binne op it idee, mar hja fine dat it net allinnich 'kretologie' wurde moat. It moat ünderboud wurde mei reële gegevens. Hy wol dêrom de suggestje dwaan oan de P.v.d.A. om dat mei te nimmen yn it brief. Mefrou Faber seit dat dat in hiele goede suggestje is om dit mei te nimmen yn it brief oan de initiatyfnimmersHja ferwachtet lykwols net dat der op dy gearkomste samar wat yn de romte roppen wurdt. Hja tinkt dat dêr dan ek wol gegevens nei foaren komme sille. De hear Terpstra hat der noch wat swierrichheden mei. Der kin net oantoand wurde dat de gemeenten in ünevenredich part leverje moatte yn de besunigingen Soe der al in brief üt namme fan de ried ferstjoerd wurde dan soe hy dochs jerne earst de ynhald fan dat brief sjen wolle. De hear Bouma seit dat it net needsaaklik is om de ynhald fan dat brief wurdlik te kennen. It moat in brief wurde mei de strekking dat de ynhald fan it iepen brief ünderskreaun wurdt en mei it fersyk om de stellingen, sa't dy yn dat brief steane, op de iepenbiere gearkomste te ünderbouwen mei sifermateriaal. Dan is it net allinnich mear in teoretysk ferhaal, mar dan komme ek de feiten nei foaren. De foarsitter seit dat der stimd wurde sil oer it ütstel fan de P.v.d.A. om in brief te skriuwen oan de initiatyfnimmers om in iepenbiere gearkomste te halden oer de besunigingen fan de gemeenten. Yn dat brief sil ynstimd wurde mei it organisearjen fan sa'n gearkomste en fierders sil der yn frege wurde oft op dy gearkomste de initiatyfnimmers de stellingen üt de iepen brief ek mei sifer materiaal ünderbouwe kinne, sadat it ek wat konkreter wurdt. Fierders kin nei oanlieding fan in opmerking fan de hear Knossen de suggestje dien wurde om dit fia de Feriening fan Fryske Gêmeenten rinne te litten. Met 9 stemmen voor en 2 stemmen tegen wordt het voorstel aangenomen. De tegen stemmen waren van wethouder mevrouw Aukes en de heer Terpstra. Mededelingen. Nei oanlieding fan punt 2 seit mefrou Faber dat hja fynt dat de besunigingen en de gefolgen dêrfan as in reade tried troch dizze gearkomste rinne, mar dat is net de reade tried fan it sosialisme. Earst by punt 2. 11 en no by punt 3. 2. en straks by punt 7 sil der praat wurde oer de gefolgen fan besunigingen. It stiet hjir hiel saaklik meidield en ek yn de stikken is de saaklike ynformaasje te finen. Dit is ek allinnich mar bedoeld as meidieling oan de ried en dêr hoecht ek net mear fan makke te wurden, mar der giet foar de jongerein wol hiel wat fersküle efter sa'n meidieling. Troch dizze maatregel wurde in protte jongelju ofhinklik fan harren partner of harren alden. Hja moatte harren hüs opsizze of it opgarre jild opmeitsje. Hja ferlieze harren selsstannigensDêrmei rekket it de problematyk fan punt 7: krijt elts yndividu de romte? It giet hjir om in wetswiziging mei fiergeande gefolgen, wêr't de ried net folie oan dwaan kin. Sprekster fynt it in hiele swiere yngreep foar de jongelju ünder 23 jier. Men stiet der net altyd by stil wat der efter sa'n saaklik berjocht fersküle gean kin en dêrom woe hja dat no efkes nei foaren bringe.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 11