De foarsitter andert dat üt de wurden op papier net altyd düdlik is wat hja yn yn de praktyk betsjutte. Der sille getallen wêze wêr't it net spilet en getallen wêr't it tige swier leit. Lykwols hat de gemeente sa'n regearingsmaatregel üt te tieren, ek al die men dat leaver net. De hear De Wolf is it mei mefrou Faber iens dat der etter sokke maatregels fan it regear in protte leed wei komt. Wy sitte no spitigernöch yn in tiid dat wy tebek moatte, en dêrom is it wol goed dat de gemeente as leechste bestgoersorgaan him ris réalissearret wat der etter sokke maatregels wei komme kin, fynt sprekker. Derby fielt men him machteleas en freget jin öf wat dêr oan te dwaan is. Dan riist de fraach oft it ek oars organisearre wurde koe. Sprekker fynt it wol spitich, mar hy leaut net dat der immen is dy't dêrfoar in oplossing hat. Wat him dêrom wat tsjinfalt is dat mefrou Faber seit de reade tried is net de tried fan it sosialisme. Hy heart dêrüt de suggestje dat as de sosialisten it regelje koene, it wol oars gean soe. Hy tinkt dat as der in sosialistysk regear wêze soe, de maatregels miskien wol wat oars wêze soene, mar dat it elkoar net folie üntrinne soe. Wy sitte no yn in tiid dat wy de fermindering meiinoar fer- partsje moatte en it sil ek wol net de léste kear wêze dat der in reden is om sokke dingen te sizzen, neffens sprekker. De hear Bouma kin it net nei litte om hjir dochs efkes op te réagearjen. Hy hopet dat der gau wer in sosialistysk regear komt om't hy wol ferwachtet dat dy mei bettere maatregels komme sil. Hy wol no gjin debatten los meitsje mar hy wol dochs noch konstatearje dat as dit in ferpartsjen fan de earmoed is, it wol in hiele frjemde ferdieling is. De hear Terpstra fynt dat dizze wurden dochs noch in werwurd ütlokje. Wat mefrou Faber sein hat, is elts it wol mei iens. Mar doe't der 7 as 8 jier ferlyn troch de opposysje tsjin it regear sein waard "sjogge jim it net oankommen"doe seagen hja it net en dat makket him no wolris lilk. Vervolgens worden de mededelingen voor kennisgeving aangenomen. Voorstel om een krediet beschikbaar te stellen voor het plaatsen en camoufleren van huisvuilcontainers in het buitengebied. De foarsitter seit dat it yn dit ütstel feitlik giet om twa kear 5.000,=, omdat bliken dien hat dat de kontainers ek noch betelle wurde moatte. By it opmeitsjen fan dit ütstel wie der fanüt gien dat dy kontainers der noch wol wiene, mar dat wie efternei net it gefal. Dêrom moat it kredyt ütwreide wurde mei 5.000,= foar 5 kontainers. De hear Terpstra hopet dat der ek wat dien wurde sil oan it kamoeflearjen fan de kontainers oan de Marswei. Hy fynt dat ien fan de moaiste plakken fan it doarp en it liket him ta dat om dat sa te halden, der ek omtinken oan jün wurde moat. De hear De Visser tinkt dat dit ütstel wol demokratysk ta stan kaam is, en it sil ek wol wetlik oplein wêze om dit üt te fieren, mar neffens him hawwe de bewenners fan it bütengebied net sa folie ferlet fan dizze kontainers. Fierder is hy fan betinken dat it wat ünridlik is as hja dan ek like folie betelje moatte as de minsken dy't it smoargens by it stek sette kinne, om't de bewenners fan it bütengebied faaks in pear kilometer mei de smoargenspüden ride moatte. Fan syn kant is der gjin ferlet fan it pleatsen fan sokke kontainers. Ek hat hy by gemeentewurken ynformearre wêr't de kontainers dan komme soene. Mei de measte plakken kin hy it dan wol iens wêze, mar de kontainer dy't by syn eigen sintelreed komme sil, kin dêr net yn de berm. Dy moat oan de oare kant fan de dyk, njonken it P.E.B.-hokje dat dêr stiet. Sprekker freget oft dat ek sa dien wurde sil.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 13