- 5 - De foarsitter andert dat dat i.t plak wêze sil, sa stiet it ek yn de stikken. As de hear De Visser der lans riden is, koe hy al de kontoeren sjen fan wêr't it plak sawat wêze soe. De hear De Visser seit dat hy dêr net sa gau om tocht hat. Dat fynt de hear De Wolf dan in hiel komplimint foar de kamoef'laaz je Hy tinkt dat dit ütstel in gefolch is fan oerlis mei de Kritekommisjedy't de bewenners fan it bütengebied fertsjintwurdicht. Mar hy is efkes benijd oft dat yndied sa is. Hy is bliid dat dit no oan de oarder komt, om't it ek alris by de behanneling fan de offalstoffenwet nei foaren kommen is. De foarsitter seit dat de hear Terpstra freget nei de kontainers oan de Marswei Hy fynt it seis spitich dat der oer sommige saken mear praat wurdt, as dien wurdt. De kontainers fan de Marswei sitte net yn dit ütstel, mar alle seilen sille byset wurde om op koarte termyn mei in ütstel hjiroer te kommen. Dochs leit de saak wat gefoeliger as men tinkt om't der óf in hiele protte kontainers komme moatte, óf in pear dy't faker lege wurde moatte. Sprekker kin wol tasizze dat der foar 1 oktober in ütstel komt. It hoecht net sa djoer te wurden, mar it moat wol mei soarch oanpakt wurde. Op de fraach fan de hear De Visser oft dit wol demokratysk ta stan kaam is, seit sprekker dat troch it regear in offalstoffenwet makke is, dy't de gemeente ütfiere moat. Op grün fan dy wet is de gemeente ferplichte om by alle ynwenners it smoargens op te heljen en de ynwenners moatte dêrfoar betelje. Ek moat de gemeente soargje foar in plak wêr't it smoargens oanbean wurde kin, yn dit gefal binne dat kontainers. Fierders seit sprekker dat der wol in brief skreaun is oan de Kritekommisje mar dat der gjin münling oerlis west hat. Ek net mei de direkteur gemeentewurken, neffens him. De hear Van der Goot seit dat as de bewenners fan de Marswei allegearre in kompostbak krije, dat der dan ek net safolle kontainers hoege te stean. It liket de foarsitter ta dat de gemeente hiel wat jild ütspar.je kin as elts foar syn eigen smoargens soarget. Hy wol dêr no net fierder op yn gean om't dat in hiele oare problematyk is De hear De Wolf tinkt dat it dan itselde wurdt as mei de gastariven. Hoe mear der besunige wurdt hoe djoerder it wurdt foar de pear kilo dy't der oer bliuwt om't der allegear jild stutsen is yn de foarsjennings Zonder verdere discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten. 5. Voorstel tot het nemen van een voorbereidingsbesluit ex artikel 21 van de wet op de ruimtelijke ordening voor de bouw van een woning op een perceel aan de Midsbuorren te Wartena. De hear Knossen freget wat de eftergrün fan it kolleezje wie om mei dit ütstel te kommen. It giet hjir om in yndustryterrein en hy begrypt net wêrom der dan meiwurking ferliend wurde moat oan de nijbou fan in hüs De foarsitter seit dat der meiwurking ferliend wurdt om't it om in besteand hüs giet dat der tige min by hinget. Fierders hat hy de yndruk dat it by de stikken ek allegearre kreas op papier stie. De hear Knossen seit dat hy dêr oare stikken ferwachte hie. Hy fynt dat binnen it ramt fan dat besteande hüs ek wol boud wurde kinnen hie. Yn dat gefal mei men net oer bepaalde grinzen hinne gean. Dat nijbou altyd moaier is as sa'n hingjend

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 15