spul wat der no stiet, is sprekker it wol mei iens, mar hy fynt dat it yn dit gefal yn ferban stean moat mei it yndustrygebied. As dit tastien wurdt, hat dat konsekwins.jes foar it hiele yndustrygebied en dat liket him net de goede wei. Hy is dêrom ek tsjin dit ütstel. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten, met in achtneming van het feit dat de heren Knossen en Koopmans worden geacht te hebben tegen gestemd. Voorstel tot het nemen van een voorbereidingsbesluit ex artikel 21 van de wet op de ruimtelijke ordening voor de bouw van een zestal energiezuinige woningen op een perceel aan de Mieden te Wartena. De hear De Visser freget hoefolle bougrün der oer is as dizze wenningen klear binne. It liket him ta dat der net mear folie oer wêze sil en hy freget him óf oft de mooglikheden foar nije bouterreinen net no al besjoen wurde moatte. De foarsitter andert dat der no noch 1 frije sektor kavel is, noch 13 kavels foar premie-A wenten en 17 kavels foar wenningwetwenten. It bestimmingsplan is wol sa fleksibel dat der as dat needsaaklik is, oan de bou fan in frije sektor wente op in kavel foar premie-A wenten, ek wol meiwurking ferliend wurde kin. Wat dat oanbelanget kin Warten noch wol in pear jier fierder. Om't de bestimmings- planprosedueres lang binne is it in goede saak om net te lang te wachtsjen mei it besjen wêr't de folgjende ütwreiding komme kin. It moat neffens sprekker, net wer sa wêze dat der 5 of 6 jier wachte wurde moat mei nijbou om't it bestimmings plan noch net klear is. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Voorstel met betrekking tot de F.A.F.K.-notitie "Naar een gemeentelijk anti fascisme beleid" De hear Bouma fynt de manear wêrop it kolleezje dizze notysje behannelt in loflik stribjen. Ek kin hy it iens wêze mei it grutste part fan wat der yn it ütstel stiet. Dochs hat hy seis noch in hiel ferhaal op papier set, om't hy fan betinken is dat wat der yn de ynlieding stiet, net datjinge werjout wat dêrnei folget. Hy stelt dêrom ek üt om syn ynlieding oer te nimmen om't dy mear neffens it dêrop folgjende is. Yn de ynlieding fan it kolleezje stiet dat it F.A.F.K. oerdriuwt, mar it liket sprekker net goed hjir in diskusje op te roppen oer de mjitte wêryn dizze dingen plak fine. Alle uteringen moatte in oanlieding wêze om dat oan te pakken. Fierder is.hy it net iens mei de regel dat der yn Idaarderadiel gjin bütenlanske of Nederlanske wurknimmers mei in donkere hüdskleur binne. Ek is hy it net iens mei it stikje oer de tinkwize. Dêr wurdt sein dat de oerheid de tinkwize net beynfloedzje kin en dat it ek net winsklik is dat de oerheid dat docht. Hy fynt dat de tinkwize altyd troch de oerheid beynfloede wurdt. It giet net allinnich om de erflike dingen en de opfieding dy't in minske meikriget, mar ek om de omjouwing. En dy wurdt ynfolle troch de oerheid. Dêrom is der wol in direkte line tusken tinkwize en oerheid. Foar de lokale oerheid is der in taak om te soargjen foar goede foarsjenningsDêrtroch wurdt it wolwêzen fan de ynwenners ferbettere en wurdt de oanstriid om mei te dwaan yn groepen mei faksistyske tendinzen ek net oantrune. It faksisme sa't dat hjoeddedei bestiet, is hiel wat mear as wat der foar de twadde wraldkriich yn Italië üntstien is. It ünderskied meitsjen tusken minsken op grün fan ras, leauwen, seksuele aard, frou-wêzen ensf. hat der mei te krijen. It der fanüt gean dat net alle minsken lykweardich binne is op himsels al in grün foar faksistysk tinken. De ynlieding sa't sprekker dy makke hat, giet net üt fan de mjitte, mar fan it feit dat dit der is en dat der dêrom wat oan dien wurde moat. Wat der dan tsjin dien wurde moat komt ta utering yn de punten 2 oant en mei 11 sa't it kolleezje

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 17