dy oanjün hat. Fierders hat hy it stik oer de tinkwize en de oerheid oars om- skreaun By punt 5 hat sprekker dan wer in opmerking. It is net maklik om de ferskate begripen as anti-faksisme, seksisme en anti-seksisme ütinoar te halden. Hjir komt dan ek noch de wurkgelegenheid om'e hoeke sjen. Hy tinkt dat by it kolleezje dy begripen trochinoar helle binne. Hy hat seis in oar stikje hjiroer skreaun. Syn ütgongspunt is dat elts yndividu lykweardich is. By it sollisitearjen op in funksje binne alle persoanen gelyk en moatte hja ek allegearre beoardiele wurde op de kwaliteiten dy't hja foar dy funksje hawwe. As der nei dy beoardieling twa lykweardige kandidaten oerbleaun binne, komme oare aspekten as twa ynkommens troude man/frou oan de oarder. Mar dat binne kriteria dy't yn it personielsbe- lied opnommen wurde moatte en net by it anti-seksisme. Derby nimt hy ek net de stelling fan de F.A.F.K.-notysje oer, dêr't yn stiet dat de boargerlike steat nea in rol spylje mei. Fierders binne de haadpunten üt it stikje fan it kolleezje meinommen, nl. dat diskriminaasje yn it personielsbelied foarkaam wurde moat en dat de skoallen in aktive rol spylje kinne by it trochbrekken fan de rolpatroanen. Dêr hoecht dan net by ütsprutsen te wurden wat men der fan ferwachtet. By punt 9 hat sprekker set dat de oanrikkemendaasjes fan it F.A.F.K. oernommen wurde By punt 11 fynt sprekker dat it gemeentebestjoer net in direkte mar dochs wol in yndirekte taak hat. It gemeentebestjoer moat soargje foar in belied mei sokke betingsten dat de groepearrings dy't tsjin it faksisme stride, ek stipe krije. Mei dizze wizigingen hat sprekker besocht de 'marren' üt de tekst fan it kolleezje te heljen en sa in beliedsnotysje oer te halden yn positive sin tsjin it faksisme. Hy soe graach wolle dat dizze suggestjes oernommen wurde soene. Dêrby hinget er net oan de tekst mar wol oan de strekking fan de tekst. De hear Terpstra hie leaver han dat de notysje fan it F.A.F.K. foar kundskip oannommen wie. Hy fynt dat sa'n wiidweidich andert suggerearret dat de amtners ryklik tiid hawwe foar dit soarte ütstellen en dat liket him mispleatst. Wêr't it him feitlik om giet, is dat it F.A.F.K. oanjaan wol dat de gemeente in eigen anti-faksistysk belied üntwikkelje moat, mar dat witte wy ek allegearre wol. Komt der eat nei foaren op dit mêd, dan wurdt dêr fanüt dizze ried wol posityf op réagearre, neffens sprekker. Hy hat dêr net sa'n wiidweidige notysje foar nedich. De notysje fan it F.A.F.K. hellet safolle oeral dat it syn doel foarby sjit en it foar sprekker mear liket op in soart himelbestoarmjen De hear Knossen is fan betinken dat it wolris goed is dat dit soart saken yn de ried bepraat wurde. Alles wat der yn it ütstel stiet is in réaksje op wat it F.A.F.K. skreaun hat. It F.A.F.K. is in aksjegroep en sokke groepen kinne wolris wat trochslaan en dêr mei bést wolris wat fan óf dien wurde. It kolleezje is dêr neffens him op bepaalde punten goed yn slagge, mar op oare punten kin dat sa'n groep noch wol mear yn stelling bringe. Hy freget him öf wêr't it F.A.F.K. no krekt mei dwaande is en hy fynt ek dat hja de '-ismen' wol wat raar trochinoar helje en dêrmei kin dan wolris wat te fier gien wurde. Hy hat dan ek foar himsels de oantekening by dit stik makke "waar kun je je in je enthousiasme al niet mee bemoeien?" om't men einlik oeral wol in yngong foar sokke ferhalen fine kin. Oer it generaal kin sprekker him wol fine yn wat it kolleezje nei foaren bringt. De ynlieding fynt hy net sa sterk. Hoewol der yn de F.A.F.K.-notysje dingen stean dy't net in taak binne foar sa'n groep, liket it sprekker wol goed dat it kolleezje en de ried nei foaren bringe wat hja fine dat it belied wêze moat yn dizzen. Ek yn de stikken sa't de hear Bouma dy ynbrocht hat, kin hy him wol fine. Sommige stikken yn de ynlieding hingje alhiel gear mei de fisy dy't men hat op minsken en maatskippijEk wurdt de ekonomyske krisis oanhelle, mar dat is fansels net de hiele boaiem dêr't alles op basearre is. It F.A.F.K. suggerearet dat de oerheid alles wol dwaan kin, mar komt dêr letter dochs wol wat op werom. Yn it stik fan de hear Bouma stiet ek dat de oerheid wol hiel wat dwaan kin, mar dochs moat ek de ynfloed fan de omjouwing, sa as de

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 19