famylje, en allerhande ferienings, net te licht achte wurde. Mei it stik fan de hear Bouma oer it anti-seksisme kin hy him wol ferienigje. Dochs docht hjir by it F.A.F.K.-stik, neffens him ek wer bliken dat as men jin as groep .der mei ynlit, men trochslacht en jin ek ynlit mei de beliedsmjittige kant fan sa'n saak en dat fynt hy net goed. Dêrom kin der wol in meidieling oer dien wurde, mar sa'n groep hoecht him net dwaande te halden mei de beliedsmjittige kanten. As itbeheindis ta de saak sels dan hat men dêr yn bepaalde streken de hannen oan fol en yn oare streken net. Wat de hear De Wolf by dizze notysje fan it F.A.F.K. opfallen is, is dat der net yn stiet hoe't dat komitee gearstald is. By de measte oare stikken fan it F.A.F.K. is dat wol it gefal. Hy mient te witten dat de Kommunistyske Partij Nederlan ien fan de foarlükers is fan dit komitee. As hy dan sa'n notysje lést komt der by him efkes de siswize "Als de vos de passie preekt, boer pas op je kippen" yn'e holle. Ynhaldlik kin hy it yn grutte linen wol mei de notysje iens wêze. It faksisme is in diskriminearjendeanti-demokratyske ideeëlear, dy't op alle mooglike demokratyske wizen bestriden wurde moat. As der troch in aksjegroep hyltyd wer- oan omtinken frege wurdt foar dy bestriding, freget hy him wolris öf oft dat dan dien wurdt om oare gefaren üt it omtinken wei te halden. Hy is fan betinken dat it goed is dat de ried him oer dit ütstel prinsipieel ütsprekt. De ynlieding sa't de hear Bouma dy by it ütstel hawwe wol, fynt sprekker better ferwurde as de ynlieding fan it kolleezje. Dochs fynt hy dat ferhaal noch wat iensidich. It liket him better dat der oan ta heakke wurdt: "Vanuit onze ver antwoordelijkheid als lokaal bestuur zijn wij alert op fascistische uitingen en nemen wij ons voor deze en andere discriminerende en anti-democratische krachten te bestrijden". Hy komt oan dy tafoeging "en andere" omdat net allinnich it faksisme in réaksje is op maatskiplike tastannen. Der binne ek oare bütenwenstige groepearringen dy't dat dogge. Dêrom moatte wy as demokraten der nei stribje om dy bütenwenstige üntjouwingen te bestriden. Of dy dan faksistysk binne of oars fan kleur, oan dat bütenwenstige moat wat dien wurde, neffens sprekker. As it sa ek bedoeld wie kin hy him der alhiel yn fine, mar as it allinnich beheind bliuwt ta it faksisme, dan net. Dan is der noch it probleem fan de frijheid fan mieningsutering. As der sein wurdt wy wolle spesifyk de boarnen ta bestriding fan it faksisme yn it ünderwiis oanjaan, dan moat der ek by "en andere systemen die in hun ideologié of in de praktijk de mensenrechten geweld aandoen". By it fergunningen belied wurdt suggerearre om neo-faksistyske groepearrings bepaalde fergunnings te wegerjen. Sprekker sjocht dan wol ien hiel prinsipieel probleem, nl. wa't ütmeitsje sil wat neo-faksistysk is. It idee sprekt him wol oan, mar der sitte gefaarlike kanten oan. Ek kin dêr noch by opnommen wurde "en andere ideologieën die in de praktijk de mensenrechten geweld aandoen". Hjir spilet ek it probleem wa't dat dan ütmeitsje sil. Yn Nederlan is altyd as mjit- stok de bedriging fan de iepenbiere oarder oanhalden foar it jaan fan fergunningen. Dat fynt sprekker noch altyd in hiel goed ütgongspunt en hy tinkt ek dat men op in oare manear wol ris yn de swierrichheden komme kin. Sprekker hopet dat wat hy sein hat net ferkeard ferstien wurdt, mar it like him fan prinsipieel belang dat dit efkes sein waard. De foarsitter seit dat der genöch fait te praten oer it F.A.F.K. en de ideologiëen yn üs maatskippijIt is net sa slim om ris te besykjen om as lokale oerheid ta in stellingname te kommen. It kolleezje hat besocht efter de prinsipes fan it F.A.F.K. stean te gean en op sommige plakken is de réaksje nei it F.A.F.K. ta wat ekstreem, om't de aksje fan it F.A.F.K. dan ek wat te ekstreem is. It is net maklik om oer dizze saken te praten, it is noch minder maklik om it op papier te setten en om dat wat op papier stiet dan ek noch goed te begripen is nóch folie minder maklik. It hat bliken dien dat der dochs noch dingen yn steane dy't fan twa kanten benadere wurde kinne. As der praat wurdt oer it beynfloedzjen fan de tinkwize dan kin dat posityf of negatyf. As de oerheid in

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 21